Henk van Manen
Appearance
Henk van Manen (1946) is in Nederlânske moadeûntwerper. Hy wie fan 1969 oant 1974 libbenspartner fan de Nederlânske skriuwer Gerard Reve, njonken Willem Bruno van Albada.
De flaai- of bynamme foar Van Manen wie Woelrat - as sadanich is er werom te finen yn ferskate boeken fan Reve ûnder oare yn Lieve Jongens. Van Manen dielde Reve mei Van Albada (Teigetje), mei wa't Reve fan 1964 ôf byinoar wenne yn Greonterp (Fryslân). Fan 1969 ôf wennen se dêr mei har trijen. Yn 1971 ferhuze it trio earst nei Veenendaal en dêrnei nei Weert. Yn 1974 ferfear Reve nei Frankryk. Van Manen en Albada bleaunen yn Nederlân. Van Manen en Albada hawwe sûnt de jierren 80 fan de 20e iuw in eigen kleanline ûnder de namme Teigetje & Woelrat'.