Henk van Brussel
Henk van Brussel (Rijssen, 12 juny 1936 - Turkije, 7 oktober 2007) wie in Nederlânske proffuotballer en fuotbaltrainer.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Brussel spile jierrenlang foar Go Ahead Eagles. Mei dizze ploech debutearre hy yn de jierren fyftich yn de Twadde difyzje. Yn 1959 promovearre hy nei de Earste difyzje en yn 1963 promovearre hy mei Go Ahead nei de Earedifyzje. In jier letter gong hy foar de Zwolsche Boys spyljen. Letter wie hy noch spiler fan De Greefskip, mei die ploech degradearre hy fan de Earste difyzje nei de Twadde difyzje.
Nei syn rin as fuotballer waard Van Brussel trainer. Hy begûn syn trainersrin by de amateurklup Koninklijke UD. Dêrnei waard hy trainer by de amateurs fan Daventria út Dimter. Fan 1971 oant 1979 wie hy assistint-trainer fan Go Ahead Eagles, ek wy hy inkele kearen de haadtrainer fan de klup as der in trainer ûntslein wie. Sa wist hy derfoar te soargjen dat yn 1978 de klup yn de Earedifyzje bleau. Yn jierren 1979-1980 trainde hy de amateurs fan Rohda Raalte, wêr’t hy twa kear kampioen mei waard.
Fan 1980 oant 1985 wie hy trainer fan SK It Hearrenfean. De perioade fan Van Brussel as trainer by It Hearrenfean waard ferneamd as de 'Brusselske Kermis'. Oanfallend fuotbal en hurd wurkje wie wat Van Brussel fan syn ploech ferwachte. Net sûnder súkses. Yn de seizoenen 1980-1981 en 1981-1982 behelle hy mei It Hearrenfean de neikompetysje, mar ta promoasje liede dit beide kearen net. Mei syn wurk stie hy oan it begjin fan de weropstanning fan SK It Hearrenfean.
Nei syn perioade by It Fean gie hy oan de slach by De Greefskip (1985-1987). Yn it seizoen 1987-1988 wie hy de trainer fan FK Grins. Hjir folge hy nei fjouwer wedstriden Rob Jacobs op dy't ûntslein wie. Tegearre mei Martin Koeman waard fia de neikompetysje in plak yn de UEFA Kup behelle. Nei de lêste wedstriid, in 1-1 lykspul út tsjin FK Twinte, waard Van Brussel troch syn spilers op de skouders naam. Doch waard syn kontrakt net ferlingd, it seizoen derop waard Hans Westerhof de nije trainer fan Grins.
Fan 1988 oant 1990 wie hy trainer fan SK Herakles. Hjir moast hy ophâlde as trainer omdat hy op in training syn achillespees ôfskuorde.
Van Brussel wie in leafhawwer fan oanfallend fuotbal. Hy wie fan miening dat fuotbal foar it publyk spile wurde moast en net foar bestjoersleden.
De lêste jierren fan syn libben wie hy aktyf as skout fan Go Ahead Eagles. Hy ferstoarn op 7 oktober 2007 op in fakânsje yn Turkije oan de gefolgen fan in hertoanfal.