Henk Pruiksma

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Hendrik Sijmen (Henk) Pruiksma (Makkum, 27 desimber 1947) is in rjochter en eartiids politikus. Nei syn slagjen foar de HBS-a yn Snits studearre hy, nei syn tsjinsttiid as reserve-offisier by de Keninklike Lânmacht, fiskaal rjocht yn Grins (1968 - 1973) en die hy yn 1982 in oanfoljend doktoraal eksamen Nederlânsk Rjocht oan de Universiteit Leien.

Yn 1973 wurdt Pruiksma ynspekteur fan de Ryksbelestingen, oant hy yn 1981 gerjochtsauditeur wurdt by it hof yn Ljouwert. Yn 1978 wurdt Pruiksma lid fan de ARP en gemeenteriedslid yn Ljouwert en yn 1980, by de fúzje fan ARP, KVP en CHU , út namme fan it CDA.

Yn 1985 wurdt hy rjochter by de arrondissemintsrjochtbank en yn 1988 riedshear by it gerjochtshof. Yn 1999 promovearret hy ta fise-presidint en yn 2000 wurdt hy koördinearjend fise-presidint.

Fan 1991 oant en mei 2003 is hy lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân, en yn 2005 folget hy foar twa jier Alis Koekkoek op yn de Earste Keamer, dy't ferstoarn is. Hy hâlde him yn de Earste Keamer dwaande mei Justysje, Underwiis en Binnenlânsk bestjoer en wie foarsitter fan de fêste kommisje foar Underwiis.

Hjirneist is hy ek sûnt 1998 lid (sûnt 2005 plakferfangend foarsitter) fan it Sintraal Tuchtkolleezje foar de Sûnenssoarch (Medysk tuchtkolleezje), wie hy fan 1989 - 2003 lid fan de Rykskommisje Fryske Taal en fan 1990 - 2004 foarsitter fan Stichting REPRO.

Pruiksma is lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau.