Henk Bloemhoff

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Henk Bloemhoff (Aldeberkeap, 1948) is in taalkundige dy't spesjalisearre is yn de morfology en fonology fan it Stellingwerfsk. Hy is benammen bekend as streektaalfunksjonaris fan it Stellingwerfs by de Stellingwarver Schrieversronte en trochdat hy yn gearwurking mei oaren (ûnder oare Sietske Bloemhoff) it Stellingwerfsk Wurdboek makke hat. Fierders hat Bloemhoff noch in protte oare taalkundige en dialektologyske publikaasjes op syn namme stean, wêrûnder:

  • Taal in stad en land - Stellingwerfs (Sdu Utjouwers, 2002)
  • Taal in stad en land - Drents (mit de Drintske literatuerhistoarikus Henk Nijkeuter, Sdu Utjouwers, 2004).
  • Handboek Nedersaksische Taal- en Letterkunde redakteur mei oaren (Van Gorcum, 2008).

Underskieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 5 april 2012 waard Bloemhoff beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau, dat barde by it 40-jierrich jubileum fan de Stellingwarver Schrieversronte yn Noardwâlde.