Hendrik Voordewind

Ut Wikipedy
Hendrik Voordewind yn 1936

Hendrik Voordewind, (Ljouwert, 5 augustus 1887 - Amsterdam, 20 desimber 1972) wie in âld-plysjekommissaris en skriuwer.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Voordewind wie in soan fan in skipper en boateferhierder yn Ljouwert. Waard kommissaris fan plysje yn Amsterdam en skreau nei syn pinsjoen ferskate boeken oer syn ûnderfinings. Voordewind wie fan 1909 tot 1949 yn tsjinst fan de Amsterdamske plysje. Yn 1936 waard hy beneamd ta kommissaris fan plysje. Foar de Twadde Wrâldoarloch en ek dêrnei wie hy haad fan buro Warmoesstrjitte. In kenmerk fan him wie, dat at er yn boarger wie, syn bolhoed. Voordewind wurke yn de oarloch op it haadburo.

Yn april 1943, koart nei de ynfiering fan de steatsplysje, waard hy sjef fan de resjerzje en yn jannewaris 1944 waard J.L. Posthuma offisjeel de twadde man by de resjerzje. Neidat yn jannewaris 1945 leden fan de Binnenlânske Striidkrêften (BS) acht amtners delsketten hiene dy't belutsen wiene by de Arbeitseinsatz waarden as ferjilding op befel fan Höhere SS-und Polizeiführer H.A. Rauter alve willekeurige meiwurkers fan de Arbeidsbeurs fusilearre en dêrneist waarden 130 plysjemannen oppakt en op transport steld nei Dútslân om dêr te helpen mei it blussen fan brannen en pún te romjen. Voordewind hearde ta dizze groep fan 130 en waard troch de SD oppakt. SD-sjef Willy Lages skynt ferklearre te hawwen dat hy Voordewind syn namme op in list fan Dútsfijannige plysjeminsken stean seach dy't troch leden fan de NSB oanlein wie. Neidat Voordewind nei Dútslân stjoerd wie, krige Posthuma dy syn funksje as sjef fan de resjerzje tabedield dy't er hâlde oant Voordewind koart na de ein fan de oarloch weromkaam nei Nederlân.

Yn de besettingstiid hat hy fanút syn funksje op it haadburo in soad help ferliene kind oan fersetsgroepen, wêrûnder dy fan Gerrit van der Veen. Nei de oarloch stie hy op de nominaasje Haadkommissaris fan Amsterdam te wurden, mar dat wegere hy. Hy gie werom nei de Warmoesstrjitte.

Nei syn pinsjoen skreau hy in boekje oer syn ûnderfinings by de plysje, dat sa oansloech dat der in hiele rige folge. As reaksje hjrop skreau Willem van der Kulk ûnder de skûlnamme Willem van Iependaal it boek De commissaris kan me nog meer vertellen.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De commissaris vertelt (1949, 1954)
  • De commissaris vertelt verder (1950, 1954)
  • De commissaris vertelt door (1951 )
  • Voor de wind: een schipperszoon vertelt (1951)
  • Het verhaal van de wachtcommandant (1952)
  • Paulus Akkerman (foaropwurd troch H. Voordewind), Just, jawol!: piper en sâlt út Frysk en Frij (1953)
  • Een lustmoordenaar en andere verhalen (1957)
  • De commissaris besluit: ervaringen met helderzienden (1958)
  • Paulus Akkerman ( foaropwurd troch H. Voordewind ), Just, jawol!: twade samling Piper en sâlt út Frysk en Frij (1959)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: