Hendrik Groen

Ut Wikipedy
Hendrik Groen
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Peter de Smet
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne ûnbekend
berteplak ûnbekend
wurk
taal Nederlânsk
útjouwer Meulenhoff
prizen Publykspriis foar it
   Nederlânske Boek
offisjele webside
n.f.t.

Hendrik Groen is in Nederlânsk skriuwer. Hy is de auteur fan it yn 2014 ferskynde boek Pogingen iets van het leven te maken: Het geheime dagboek van Hendrik Groen, 83¼ jaar. Dat boek waard yn 2016 bekroand mei de Publykspriis foar it Nederlânske Boek. It ferfolch Zolang er Leven is: Het nieuwe geheime dagboek van Hendrik Groen, 85 jaar ferskynde yn 2016.

Hendrik Groen is in pseudonym fan skriuwer Peter de Smet. NRC Handelsblad publisearre yn april 2016 in artikel oer in man dy't him efter it pseudonym ferskûlje soe.[1] De Smet ûntkende ynearsten dat er de skriuwer wie.

De Publykspriis foar it Nederlânske Boek waard troch de skriuwer net persoanlik ophelle. Yn 2018 wûn ek syn twadde boek Zolang er leven is de NS Publykspriis. De priis waard yn ûntfangst naam troch de akteur Kees Hulst.

Ferfilming[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2017 waarden de boeken ferfilme en troch Omrop MAX as de telefyzjesearje "It geheime deiboek fan Hendrik Groen" útstjoerd, mei Kees Hulst yn de rol fan Hendrik Groen. Senarioskriuwer Martin van Waardenberg befêstige opnij dat De Smet de man achter it pseudonym wie. Yn 2017 waard ek in toanielbewurking ûnder rezjy fan Gijs de Lange op 'e planken brocht. Beau Schneider spile de rol fan Hendrik Groen. Yn 2019 folge in twadde telefyzjesearje by omrop MAX, It geheime deiboek fan Hendrik Groen, Zolang er leven is.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2014 - Pogingen iets van het leven te maken: Het geheime dagboek van Hendrik Groen, 83¼ jaar
  • 2016 - Zolang er leven is: Het nieuwe geheime dagboek van Hendrik Groen, 85 jaar
  • 2018 - Leven en laten leven
  • 2019 - Een kleine verrassing
  • 2020 - Opgewekt naar de eindstreep: Het laatste geheime dagboek van Hendrik Groen, 90 jaar
  • 2021 - Rust en Vreugd

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Esther Rosenberg & Toef Jaeger (26 april 2016) Peter de Smet is Hendrik Groen. NRC