Springe nei ynhâld

Hendrik Egberts Hoegsma

Ut Wikipedy

Hendrik Egberts Hoegsma (Raerd, 5 july 1850De Haach, 24 augustus 1932) wie in Nederlânske arsjitekt.

Hoegsma wie in soan fan lânbouwer Egbert Barteles Hoegsma en Hiske Hendriks Dijk. Hy waard oplaat ta timmerman.
Yn 1876 waard er gemeente-arsjitekt fan Hoogeveen. Hy wie ûnder mear ferantwurdlik foar de bou fan in wenhûs oan de Haadstrjitte 5, foar boargemaster Lambert Wicher Ebbinge (1881/1882) en de ferbouwing fan 't Olde Schippershuus (1882).
Yn 1889 waard Hoegsma gemeente-arsjitekt fan Baarn; hy waard dêr waarnimmend direkteur fan it gasfabryk. Doe 't er yn 1892 beneamd waard ta direkteur fan it gasfabryk, joech er it amt fan gemeente-arsjitekt oer. [1]
Yn 1910 naam Hoegsma ûntslach en fêstige him dêrnei yn De Haach, dêr 't er yn 1932 yn de âldens fan 82 jier ferstoar.

In kar:

  • 1878 Hearehûs, Hoofdstraat 11 (Hoogeveen)
  • 1881/1882 Hearehûs, Hoofdstraat 5 (Hoogeveen)
  • 1891 Ynstitút Erica, Baarn
  • Havinga, J.L. (1995) Hendrik Egberts Hoegsma: gemeente-architect van Hoogeveen van 1876-1889. Hoogeveen: Beuk & Camp
  • Stenvert, R. et al (2001) Monumenten in Nederland. Drenthe Zeist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swol: Waanders Uitgevers

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: