Hendrik Bron

Hendrik Johannes Antonius Bron (De Haach, 20 april 1904 - Hengelo, 14 maaie 1979) wie in Nederlânske fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch.
Bron wie de jongste soan fan de Befelhawwer fan de Seestriidkrêften yn Nederlânsk-Ynje, de fise-admiraal J.A.M. Bron. Yn neifolging fan syn heit naam er tsjinst by de marine. Nei in pear jier moast er om redenen fan sûnens út tsjinst wei.
Hy studearre dêrnei wurktúchboukunde en wurke - foar de oarloch - by Werkspoor yn Amsterdam. Yn de oarloch wenne er yn Dordrecht, dêr't er aktyf wie yn it ferset. Hy wie in feardich tekener en hold him ûnder mear dwaande mei it ferfalskjen fan distribúsjebonnen en persoansbewizen.
Ek wie er belutsen by yllegale wapenhannel en by de organisaasje fan yllegale transporten. Hy waard twa kear finzen set. Ienkear yn de finzenis yn Haagseveer yn Rotterdam, dêr't er de sel dielde mei Heinz Polzer (letter bekend as Drs. P), en ienkear yn Kamp Amersfoort. Ut dat lêste kamp waard er - troch in fersin - ûntslein. Hy makke yn it kamp in tal tekeningen fan it deistich libben, dy't ôfbylde binne yn Van Amersfoorter tot IJsselliniegraver fan J. de Vries.
Bron oerlibbe, oars as syn broer Karel (1897-1944), de oarloch. Nei de oarloch wurke er as direkteur fan it skipsmotoarefabryk fan skipsbouwer J. & K. Smit yn Kinderdijk.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kamptekeningen fan finzene Bron, op de side fan Kamp Amersfoart (deade keppeling)