Springe nei ynhâld

Hendricus Johannes Wennekers

Ut Wikipedy

Hendricus Johannes Wennekers (Arnhim, 4 septimber 1827 - De Bosk, 25 oktober 1900) wie in Nederlânske itichmaster-arsjitekt fan tsjerken. Hy wurdt beskôge as pionier fan de iere neogotyk yn Noard-Nederlân. [1]

Wergea, Sint-Martinustsjerke (1859)

Wennekers wie in soan fan de winkelman Hendrik Johannes Wennekers en Arnolda Maria Kersjes. Hy gie yn 1845 studearjen yn Delft oan de Koninklijke Academie van Bouwkundige Ingenieurs. Nei twa jier studearjen stapte er yn maaie 1847 mei in attest fan goed gedrach oer nei de stúdzje iikwêzen. Sûnt 1851 wenne er yn Sutfen as lânmjitter en waard der beneamd troch de arrondissemintsitichmaster. Yn 1858 troude er yn Heino mei Sugus Arnolda Wolters. Yn 1870 ferhuze er nei Swol. Hy wie yn 1873 mei-oprjochter fan it no noch besteande Toankeunstkoar Caecilia. Yn 1874 ferhuze er nei Amsterdam en yn 1895 nei Breda.

Yn 1897 sette er ôf nei syn lêste wenplak De Bosk, dêr't er yn 1900 ferstoar.

De namme Wennekers op it mêd fan tsjerkebou komt foar it earst foar yn 1856, doe't er te krijen krige mei de bou fan de parochytsjerke Onze Lieve Vrouwe Hemelvaart foar de nije parochy fan Heino. Yn septimber 1858 kaam dizze parochytsjerke klear (sloopt yn 1923/24). Yn 1864 wie Wennekers ek belutsen by de bou fan de tsjerke yn Jirnsum. Dy tsjerke waard itselde jier noch ynwijd (sloopt yn 1965).

Fierder boude Wennekers yn Fryslân noch tsjerken yn:

Boarnen, noaten en/as referinsjes: