Springe nei ynhâld

Hendrick de Wente

Ut Wikipedy

Hendrick de Wente, ek Henrick, mooglik deselde as Hendrick van Lochum, wie in Nederlânske bestjoerder yn de 16e iuw.

De Wente soe in Gelderske ealman west hawwe. [1] Mooglik is er ek te identifisearjen as in Hendrick van Lochum dy't him yn 1515 by de Gelderske troepen fan Jancko Douwama oansleat op wei nei Dokkum. Om 1520 hinne komt De Wente foar as grytman fan Kollumerlân. Yn dat amt folge er ek de Geldersgesinde Gaycke fan Broersma op. De Wente wie mei de abt fan it Kleaster Jeruzalim (Gerkeskleaster) oerienkommen dat er ek ynwenners fan Boerum berjochtsje mocht. Al yn 1523 waard Ballinck fan Phaesma beneamd as opfolger fan De Wente. Ek Fan Phaesma mocht de doarpsrjochters fan Boerum oanstelle. Dochs soe der tusken de lettere grytman Sebastiaan van Schonenburg (stoarn yn Kollum, 1558) en de abt wol in konflikt ûntstean oer de jurisdiksje oer dit gebiet. [2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Andreae, A.J. (1893). Nalezing op de Nieuwe naamlijst van grietmannen van jhr. mr. H. Baerdt van Sminia. Ljouwert: Meijer en Schaafsma.
  2. Andreae, A.J. (1975). Kollumerland en Nieuw Kruisland geschiedkundig beschreven met oudheidkundige plaatsbeschrijving door Mr. A. J. Andreae. Ljouwert: De Tille.