Hemtunnel
Hemtunnel | ||
![]() | ||
Hemtunnel (1983) | ||
Lokaasje | ||
Provinsje | ![]() | |
plak | ![]() ![]() | |
farwei | Noardseekanaal | |
spoar | Steatsline K | |
Algemiene gegevens | ||
koördinaten | 52° 25′ N, 4° 48′ E | |
boujier | 1977-1982 | |
iepening | 1983 | |
kosten | ƒ 530 miljoen | |
Eigenskippen | ||
type | spoartunnel | |
lingte | 2.4 km | |
lingte oerdútsen | 1.55 km | |
breedte | 21.5 m | |
tal spoaren | 3 | |
Kaart | ||
De Hemtunnel is in spoartunnel ûnder it Noardseekanaal en leit yn de steatsline K, tusken de stasjons Amsterdam Sloterdijk en Saandam. Hy waard yn 1983 yn gebrûk naam ta ferfanging fan de Hembrug. De tunnel waard boud om't de út 1907 datearjende spoarbrêge in hieltyd grutter obstakel waard foar sawol it groeiende skipfeartferkear as foar it treinferkear. In oanfarring troch it Amerikaanske kraanskip Choctaw II, op 20 oktober 1974 wie de drip dy't de amer oerrinnen die.
Njonken de tunnelwurken en de twa nije stasjons, moast der ek yn totaal 8,5 kilometer oan spoar nij oanlein of ferlein wurde en in tal krusingen mei diken boud wurde. De tunnel hat trije buizen mei elts ien spoar. Alle spoaren binne geskikt foar sawol persoanen - as frachtferfier. De middelste tunnelbuis is breder en dêrtroch geskikt foar bredere transporten. Oer de hiele lingte fan de tunnelbuizen binne ferhege rinpaden oanlein foar ûnderhâldspersoniel. Boppedat kin fia dizze paden de tunnel ferlitten wurde yn gefal fan need. De tunnel is mei taritten yn totaal 2400 meter lang. De breedte fan de tunnel is 21,5, de hichte 8,75 meter. It djipste punt fan de tunnel leit op 26,25 meter ûnder NAP. De djipte fan it kanaal boppe de tunnel is 15 meter. De maksimale helling is 1 op 40. De tunnel is boud troch middel fan in ôfsinkmetoade en bestiet út 7 tunneleleminten fan 268 meter elk.
De tunnel waard op 19 maaie 1983 offisjeel iepene troch keninginne Beatrix. De boukosten ynklusyf de oanpassing fan de stasjons Saandam en Amsterdam Sloterdijk wurde rûsd op 530 miljoen gûne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|