Hemmingastate
Hemmingastate lei súdeast fan Holwert, yn de gemeente Dongeradiel, in eintsje foarby Bongastate. Op it stee stiet yn 2010 in gebou.
Oer it ûntstean is neat bekend. In broer fan Ulbe Tjessens wie nei alle gedachten Gercke Tjessens. Ek hy waard yn 1505 ûnder de eallju yn Dongeradiel neamd. Hy wenne yn 1502 op Hemminga, wêrnei't er bytiden ek ynstee fan Tjessens Hemminga neamd waard. Yn 1511 hie hy 36 pûnsmiet bûtendyks en 50 pûnsmiet binnendyks lân. Hy kiest de side fan de Boergonjers en moat dêrom yn ballingskip. Syn dochter Eesck boaske mei Epo Martena, mei wa't se yn Ljouwert wenne. Sûnttiid wie Hemminga in pachtpleats.
It stimkohier fan 1698 neamt “Margaretha van Leeuwen, Groningen” as eigneresse en brûker Hessel Idses. Yn it floreenkohier wurdt hja Margareta Leuwe tot Peyse neamd. It goed wie doe 26.46 ha. grut. It stimkohier fan 1728 fermeldt “De heer Koning weduwe, Peize” en bedoelt dêrmei grif earderneamde Margaretha. De brûker wie doe Taeke Harmens. Yn 1832 fermeldt it kadaster dat Æge Cornelus Jaarsma, lânbouwer te Holwert, eigener en brûker is.
Eigeners/bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1505 Gercke Tjessens
- Eesck Tjessens en Epo Martena
- 1698, 1700, 1728 Margaretha fan Leeuwen te Grins
- 1832 Æge Cornelus Jaarsma
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|