Heinsius Johannis Heinsius

Ut Wikipedy

Heinsius Johannes (van Laenstra) Heinsius (Aldlemmer, om ende by 1650 - Dokkum, 1712) wie in Frysk amtner en notaris.

Hein-Johan wie earst prokureur-postulant foar it gerjocht fan de Stellingwerven (1671), dêrnei siktaris fan Haskerlân (1680) en skriuwer fan in kompanjy hynstefolk (1680).

Hy troude earst te Dokkum op 6 augustus 1671 mei Trijntje Andries (de) Went, doopt te Dokkum op 20 augustus 1654 en stoarn op De Jouwer op 24 maaie 1679, dochter fan Andries Hanses (de) Went, sjirurgyn, en Gertie Harmannus Attema; troude twad mei Tytie (Titia) Schick, berne te Dokkum om 1657 hinne, stoarn op 'e Jouwer op 26 oktober 1693, dochter fan Gerardus Schick en Maycke Cornelis Vermees, en tred mei Antie Lieuwes, doopt te Dokkum op 26 oktober 1662, stoarn nei 1720, dochter fan Lieuwe Willems, boade fan Dokkum op Amsterdam, en Auckien Jaeckles.

Hy stoar nei 1712 en waard beïerdige yn 'e tsjerke op De Grutte Jouwer.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: