Springe nei ynhâld

Heinrich Lossow

Ut Wikipedy
Heinrich Lossow
keunstner
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Dútsk
berne10 maart 1843
stoarn19 maaie 1897 (54 jier)
wurkpaad
wurksum askeunstskilder, yllustrator
jierren aktyf1863-1897

Heinrich Lossow (München, 10 maart 1843 - Oberschleissheim, 19 maaie 1897) wie in Dútske keunstskilder fan sjenrestikken en yllustrator. Yn syn frije tiid makke er pornografyske ôfbyldingen.

De heit fan Heinrich Lossow wie Arnold Hermann Lossow, in byldhouwer út Bremen. Syn heit ferhuze yn 1820 nei München om te studearjen by Ernst Mayer. Yn München troude Arnold Hermann Lossow en krige trije bern: Carl Lossow yn 1835, Friedrich Lossow yn 1837 en Heinrich Lossow yn 1843. De trije jonges hienen in affiniteit mei keunst; Carl waard in histoarjeskilder, wylst Friedrich in skilder fan wylde bisten waard. Heinrich soe syn beide sibben oerlibje.

Hy studearre earst by syn heit, mar gie dêrnei fierder ûnder Karl Theodor von Piloty oan de Akademy foar Byldzjende Keunsten yn München. Dêrnei reizge er troch Frankryk en Itaalje om syn keunst te perfeksjonearjen. As sjenreskilder helle er syn ynspiraasje foar in grut part út 'e Rokokostyl.

Yn syn lettere libben wie Heinrich Lossow konservator fan de keunstgalery yn kastielkompleks Schleissheim by München.

Lossow wie ûnder mear yllustrator foar útjouwers, wêrûnder ien foar in útjefte fan De Fleurige Wyfkes fan William Shakespeare. Sa ek foar in soad Dútske romans dêr't Johann Wolfgang von Goethe by wie en Kabale und Liebe fan Friedrich Schiller.

Treuer Diener seiner Frau

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kar-út:

Boarnen, noaten en/as referinsjes: