Heideljurk
| Heideljurk | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Lullula arborea | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De heideljurk (Lullula arborea) is in fûgel yn it monotypyske skaai heideljurken (Lullula) út de famylje ljurkfûgels (Alaudidae). De fûgel libbet op sângrûn en komt yn Fryslân as briedfûgel allinnich yn it súdeasten en op 'e Waadeilannen foar.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Beamljurken wurde likernôch 15 sm lang en binne brune fûgels mei in koarte sturt. Oars as by de gewoane ljurk binne de siden fan 'e sturt net wyt mar ljochtbrún. De soarte hat in brede krêmkleurige wynbraustreek dy't fier nei efter giet. De boppedielen binnne gielbrún mei donkere streken. Op 'e wjukrâne by de wjukbocht is in donker plak mei in wite râne. De ûnderkant is ljocht mei wat streekjes op it boarst en de kiel. De snaffel is finer as dy fan 'e ljurk en de poaten binne fleiskleurich. Juvenilen binne bûnter en ha gjin lange streken op 'e rêch.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De heideljurk waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1758 troch Linnaeus ûnder de wittenskiplike namme Alauda arborea en dy sette de soarte tegearre mei de gewoane ljurk yn it skaai Alauda. In 1829 sette Johann Jakob Kaup de heideljurk yn it monotypysk skaai Lullula, dêr't er oant de dei fan hjoed noch hieltiten is ûnderbrocht. Genetyske stúdzjes wize út dat de heidljurk de sustersoarte is fan 'e skaaien Alauda en Galerida.
De heideljurk briedt yn in grut diel fan Europa, fan súdlik Skandinaavje oant noardlik Afrika en eastlik oant yn Europeesk Ruslân en Turkmenistan. De noardlike en súdeastlike populaasjes binne trekfûgels, wylst de meast westlike en súdlike populaasjes stânfûgels binne.
Meast wurdt de heideljurk yn twa ûndersoarten ferdield mei de folgjende fersprieding:
- Lullula arborea arborea (noardlike heidlurk) – de nominaatfoarm briedt yn Europa oan yn Portegal, Noard-Spanje, Noard-Itaalje, de noardlike Balkan, Noardwest-Roemeenje en de Oekraïne.
- Lullula arborea pallida (Zarudny, 1902), ynklusyf de flavescens (Ehmcke, 1903) en de wettsteini (Niethammer, 1943), briedt fan Súd-Europa oant de Krim, de Kaukasus en Turkmenistan.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant yn 'e 19e iuw wie de fûgel yn Nederlân net in soad te sjen. Om 1900 hinne begûn de heideljurk syn opmars as breidfûgel yn 'e dunen en dêrnei wreide de fûgel him op 'e sângrûn út. Sûnt 1985 is de populaasje yn Nederlân foars tanommen. De briedpopulaasje fan 'e heideljurk wurdt yn Nederlân op likernôch 5200 oant 6600 (2018-2020) rûsd, lytsere oantallen oerwinterje yn Nederlân, meast yn 'e dunen. De rest fan 'e Nederlânske populaasje oerwinteret yn Súdwest-Europa. De grutste konsintraasjes binne yn 'e dunen oan 'e kust, yn Drinte, op 'e Feluwe, it easten fan Noard-Brabân en it noarden fan Limburch te finen. Yn Fryslân komt de fûgel allinnich yn it súdeasten en op 'e Waadeilannen foar.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It nêst wurdt oer generaal makke fan gers, woartels, moas en plantemateriaal yn in kûltsje yn 'e grûn. It brieden begjin ier, de earste aaien wurden somtiden al foar maart lein. Meastentiids wurde der trije oant fiif aaien lein. It wyfke briedt de wyfeftige aaien mei brune plakjes yn 13 oant 15 dagen út. Beide âlders fuorje de jongen en de jonge fûgeltsjes ferlitte it nêst nei in lytse twa wiken. De famylje bliuwt de hiele simmer oant yn 'e hjerst byinoar. De heideljurk kin yn in jier meardere kearen briede.
Lykas oare soarten yn 'e famylje is de heideljurk as folwoeksen fûgel fral fegetarysk, mar yn it briedseizoen yt er ek middelgrutte ynsekten. It dieet bestiet foar it measte út sied en ynsekten lykas krobben, miggen en motten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De heideljurk hat in ûnbidich grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld klassifisearret him as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list. De wrâldpopulaasje wurdt op likernôch 5 miljoen oant 10 miljoen folwoeksen fûgels rûsd (2018).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Heideljurk
- Ljurkfûgel
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Wales

