Heeze-Leende
Heeze-Leende Heezj-Lint | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Heeze-Leende (Brabânsk: Héésj-Lint) is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân. De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 1997 troch in fúzje fan 'e eardere gemeenten Heeze en Leende en it doarp Sterksel, dat by de gemeente Maarheeze hearde. De gemeente hat 16.807 (1 jannewaris 2024) ynwenners op in oerflak fan 105,12 km² (wêrfan 0,83 km² wetter). De gemeente Heeze-Leende is ûnderdiel fan 'e Metropoalregio Eindhoven.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente bestiet út fjouwer plakken:
Offisjele namme | Brabânske namme | Namme yn karnavalstiid |
---|---|---|
Heeze | Héésj | Kraaienland |
Leende | Lind | Blaosdonk |
Sterksel | Sterksel | Osserijk |
Buorskippen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bruggerhuizen, Euvelwegen, Heezerenbosch, Kerkhof, Kreijl, Leenderstrijp, Oosterik, Rul, Ginderover, Strabrecht en Ven.
Bûtengebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It plattelânsgebiet fan 'e gemeente bestiet benammen út natoerreservaten lykas de Strabrechtse Heide, de Herbertusbosken, it Leenderbosk en de Groote Heide. De gemeente omfettet ek it doarp Bruggerhuizen oan 'e Tongelreep en it diel fan 'e Achelse Kluis dat yn Nederlân leit. It bestimmingsplan foar it plattelânsgebiet waard yn 2009 oannaam en is dêrmei it earste bestimmingsplan foar it plattelânsgebiet yn 'e provinsje Noard-Brabân, dat ûnder de nije Wet Romtlike Oardering fêststeld is. Heeze-Leende neamt himsels graach de natuerlikste gemeente fan Noard-Brabân.
Kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle jierren wurdt oan 'e ein fan augustus yn Heeze it kultuerfestival de Brabantsedag organisearre. Dat festival is in in wike mei in soad kulturele aktiviteiten en op 'e lêste snein in histoaryske optocht.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Slot Heeze is in 17e-iuwsk kastiel dat noch jimmeroan yn partikulier besit is. It is yn 'e regel net foar publyk iepensteld, mar der wurde mei bygelyks eveneminten somtiden wol iepen dagen organisearre.
De Sint-Petrus-Bannentsjerke fan Heeze is in neogoatysk tsjerkegebou oan it doarpsplein.
De Sint-Jânstsjerke is in monumintaal tsjerkegebou yn it sintrum fan Leende.
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Strabrechtse Heide is in natuergebiet fan likernôch 1.500 ha grut yn 'e gemeenten Heeze-Leende, Someren en Geldrop-Mierlo. De heide ûntlient syn namme oan 'e buorskip Strabrecht by Heeze.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeenten yn Noard-Brabân | ![]() |
---|---|
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert | |
![]() ![]() ![]() |