Heer (Wehrmacht)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Heer
Balkenkreuz.svg
Oprjochte 1935
Opheft 1946
Lân Nazy-Dútslân
Striidkrêften Wehrmacht
Type Lânmacht
Haadkertier Wünsdorf

It Heer (Frysk: lânmacht) wie fan 1935 oant 1946 benjonken de Kriegsmarine en de Luftwaffe ien fan de trije kriichsmachtûnderdielen fan de Dútske Wehrmacht. Yn de Twadde Wrâldkriich hawwe meiïnoar likernôch 13 miljoen soldaten yn it Dútske leger tsjinst dien.

Krekt 17 moanne nei't Adolf Hitler de werbewapening fan Dútslân oankundige, bestie it Heer al út de 36 plande difyzjes. Yn de hjerst fan 1937 kamen dêr twa korpsen by, en mei it taheakjen fan de fiif difyzjes fan it Eastenrykske Leger waarden der yn 1938 nochris fjouwer nije korpsen ynsteld. Dit wie allegear yn striid mei it oan de ein fan de Earste Wrâldkriich tekene Ferdrach fan Versailles dat de grutte fan it Dútske leger flink beheinde.