Springe nei ynhâld

Heechste lieder fan Iran

Ut Wikipedy
Segel fan Iran

De heechste lieder fan Iran of opperste lieder fan Iran, ek: de religieus lieder fan Iran, (Perzysk: Rahbar ولی فقیه of رهبر) is de heechste funksje fan 'e ynrjochting fan 'e steat yn Iran.

De funksje ûntstie yn de Iraanske grûnwet fan 1980 as de sintrale politike en religieuze autoriteit yn it lân. Njonken de heechste lieder hat Iran ek in presidint, dy't beskaat foech hat.

De heechste lieder regeearret neffens it prinsipe fan velajat-e fakih, de "fâdij fan de jurist". Neffens dat prinsipe, optoht en útfierd troch Chomeini, hat de heechste lieder it lêste wurd oer de steat. Dat prinsipe wie ynearsten ornearre om de godlike sûvereiniteit mei de folkssûvereiniteit te fermoedsoenen, mar waard by de Iraanske Revolúsje sa oanpast dat de heechste lieder folle mear foech krige. Sa krige er de macht de oerrjochter en de oerbefelhawwer fan it leger te beneamen, it rjocht de presidint dien te jaan en in feto oer alle troch it parlemint opstelde wetten út te sprekken. Dêr krge de heechste lieder de absolute macht mei yn hannen.

Yn 'e skiednis fan de Islamityske Republyk Iran hawwe der mar trije heechste lieders west: Chomeini, dy't de funksje fan 1979 oant syn dea yn 1989 hie, en Ali Chameneï, dy't de funksje fan de dea fan Chomeini oant syn moard in 2026 hie.[1]. Nei de dea fan Ali Chameneï waard syn soan Mojtaba Chameneï waarnimmend lieder. Underwilens is er de fêste lieder.[2]

Nr. Heechste lieder Tiidrek
1 Ajatollah Rûholla Chomeini
(1902-1989)
1979-1989
2 Ajatollah Ali Chameneï
(1939-2026)
1989-2026
- Ajatollah Mojtaba Chameneï
(1969)
2026-no

De heechste lieder wurdt keazen troch de Ried fan Saakkundigen. Rûholla Chomeini waard grûnwetlik foar it libben beneamd, neffens de grûnwet hat de Ried fan Saakkundigen it foech en set syn opfolgers dy't noch yn libben binne út har funksje en wiis in opfolger oan.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: