Heechlânflamingo's
| Heechlânflamingo's | ||
| Phoenicoparrus andinus | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| skift: | flamingofûgels (Phoenicopteriformes) | |
| famylje: | flamingofûgels (Phoenicopteridae) | |
| skaai | heechlânflamingo's (Phoenicoparrus) | |
| Bonaparte, 1856 | ||
De heechlânflamingo's (Phoenicoparrus) foarmje in skaai fan 'e famylje fan 'e flamingofûgels (Phoenicopteridae). It skaai betiet út twa soarten dy't beide libje yn 'e heechlannen fan 'e Andes yn Súd-Amearika.
In unyk skaaimerk fan it skaai dat harren ûnderskiedt fan oare flamingo's is it ûntbrekken fan in efterste tean (de hallux). Se hawwe dus mar trije teannen dy't nei foaren rjochte binne. Lykas de lytse flamingo hawwe de soarten yn it skaai in tige spesjalisearre snaffelstruktuer foar it filterjen fan mikro-organismen (lykas kizelalgen) út it sâlte wetter fan 'e heechlizzende marren.
De twa soarten binne nau besibbe en wurde faak op hichten tusken de 3.000 en 4.700 meter boppe seenivo sjoen. Fanwegen de kwetsberens fan harren spesifike habitat en it beheinde oantal briedplakken wurde beide soarten troch de IUCN as kwetsber of hast bedrige beskôge.
| Soarten fan it skaai heechlânflamingo's (Phoenicoparrus) | ||||
|---|---|---|---|---|
| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Fersprieding | Status/Trend |
| Andesflamingo | Phoenicoparrus andinus | Andes (Sily, Bolivia, Perû en Argentynje) | kwetsber | |
| lytse Andesflamingo of Jamesflamingo | Phoenicoparrus jamesi | Andes (Súd-Perû, Bolivia, Noard-Sily en Noardwest-Argentynje) | gefoelich stabyl [2] | |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
