Hedwig Terpstra

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Hedwig Terpstra is tekstskriuwster, aktrise/performer en ûnôfhinklik filmmakker út Akkrum. Fanút har bedriuw Tekstburo Hedwig fiert se ferskate opdrachten út op it mêd fan taal, lykas it skriuwen fan artikels foar tydskriften, oersettings, korreksjewurk en notulearwurk. Fan 2000 oant 2002 makke se diel út fan keunstnerskollektyf De Zoete Hanen / De Swiete Hoannen. Yn novimber 2009 makken De Zoete Hanen mei Hedwig in comeback op it Huzumer Begraafplak yn Ljouwert mei de surrealistyske performance 'Soul Scrabble'.

Hedwig die mei oan de Zoete Hanen-spylfilm 'Steunpunt Levende Doden' as aktrise en skriuwster fan oanfoljende teksten. Ek spile se mei yn de films 'Fuortwâldzje' en 'Norman' (fan Wyld Hynder Films). Se is produsinte fan de 'Dick D.' films, oer in priveedetektive. Yn totaal makke se oant no ta fjouwer Dick films, yn gearwurking mei Marc R. Kooij (Dj Keu). Ek makken se de film 'Meneer Assisi', opnaam yn it Fries Museum yn 2002. Yn 2008/2009 ha de twa de harkfilm 'Uw keuze is niet juist ontvangen' produsearre, in surrealistysk harkspul oer in callcenter, begelaat troch in minimalistyske, yn it Ingelsk ûndertitele film.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]