Springe nei ynhâld

Heaktoskmakrielhaai

Ut Wikipedy
heaktoskmakrielhaai
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassekreakbienfisken (Chondrichthyes)
skiftmakrielhaaien (Lamniformes)
famyljehjerringhaaien (Lamnidae)
skaaibreedtoskmakrielhaaien
   (Cosmopolitodus)
soarte
Cosmopolitodus planus
Agassiz, 1856
status:

De heaktoskmakrielhaai (wittenskiplike namme: Cosmopolitodus planus) is in útstoarne haai út it boppeskift fan 'e helmhaaien (Galeomorphi), it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes), de famylje fan 'e hjerringhaaien (Lamnidae) en it skaai fan 'e breedtoskmakrielhaaien (Cosmopolitodus). Dizze haai libbe fan 23 miljoen oant 5 miljoen jier lyn. Fossilen binne opdobbe yn lannen om 'e Stille Oseaan hinne.

De heaktoskmakrielhaai waard foar it earst yn 1856 wittenskiplik beskreaun troch de Switserske paleöntolooch Louis Agassiz. De oarspronklike wittenskiplike namme wie Oxyrhina plana, wêrfan't de skaainamme Oxyrhina Latyn is foar "puntsnút", wylst it soartspesifike diel plana de froulike foarm is fan it Latynske planus, dat "plat" betsjut.

It skaai Oxyrhina, waard fan it begjin oant de midden fan 'e tweintichste iuw as in soarte fan sammelbak brûkt foar fossile haaien út it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes) dy't nearne oars teplak brocht wurde koene. Tsjin 'e 1960-er jierren wie dúdlik dat dy yndieling net striek mei de wurklikheid en dêrom waard besocht de soarten út it skaai oars ûnder te bringen. Begjin 1990-er jierren waard Oxyrhina as skaai hielendal ôftanke.

De heaktoskmakrielhaai waard dêrnei yndield by de echte makrielhaaien (Isurus), en krige de wittenskiplike namme Isurus planus. Ta dy yndieling hie de Amerikaanske ichtyolooch David Starr Jordan yn 1907 al in foarstel dien op basis fan 'e likenis tan 'e tosken fan 'e heaktoskmakrielhaai mei dy fan 'e libbene soarten echte makrielhaaien: de koartfinmakrielhaai (Isurus oxyrinchus) en de langfinmakrielhaai (Isurus paucus).

Op basis fan nije ynsichten, wêrneffens syn tosken mear lykje op dy fan 'e fossile breedtoskmakrielhaai (Cosmopolitodus hastalis), waard de heaktoskmakrielhaai yn 2021 lykwols oerpleatst nei it skaai fan 'e breedtoskmakrielhaaien (Cosmopolitodus).

Fossilen fan 'e heaktoskmakrielhaai binne weromfûn yn Austraalje, Súd-Koreä, Japan, it Russyske Fiere Easten fan Sibearje en op it ferneamde fynplak fan fossilen Sharktooth Hill yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Dêrmei wie dizze haai foar 't neist beheind ta in Pasifyske fersprieding.

De heaktoskmakrielhaai libbe benammen yn it Mioseen (23,0–5,3 miljoen jier lyn), hoewol't er ta ûntwikkeling kommen wêze kin oan 'e ein fan it Oligoseen (33,9–23,0 miljoen jier lyn). Dizze haai bestie oant rûchwei 5 miljoen jier lyn, yn it Plioseen (5,3–2,6 miljoen jier lyn).

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tosken fan 'e heaktoskmakrielhaai hawwe wol wat wei fan 'e tosken fan oare fossile makrielhaaien, yn 't bysûnder fan dy fan 'e breedtoskmakrielhaai (Cosmopolitodus hastalis) en fan 'e Desorimakrielhaai (Isurus desori). Anno 2025 is de gongbere hypoteze dat de heaktoskmakrielhaai fuortkommen is út in jongere foarm fan 'e breedtoskmakrielhaai dy't folle smellere tosken hie as âldere foarmen fan datselde bist.

De boppetosken fan in folwoeksen heaktoskmakrielhaai binne oer it algemien 2–4 sm lang mei in snijrâne dy't net kartele is. Teffens ûntbrekke de laterale rântsjes. Sa't de namme fan dit bist al suggerearret, hat eltse tosk in heakfoarm, wêrby't de punt út 'e middenas fan 'e tosk wei ferskood is yn 'e rjochting fan 'e mûlhoeken. Op dat mêd ferskille de tosken fan 'e heaktoskmakrielhaai en de Desorimakrielhaai fan dy fan 'e breedtoskmakrielhaai. De tosken fan 'e Desorimakrielhaai binne folle heterodonter (mear ûnderling ferskillend) as dy fan 'e heaktoskmakrielhaai, en de toskwoartels binne ûngelikenser yn tsjûkte en foarm, mei in smellere struktuer en rûnere kwabben, dy't yn foarm net wanlyk binne oan in hert.

Mar de ûndertosken fan 'e heaktoskmakrielhaai binne rjochter en frijwol identyk oan 'e ûndertosken fan 'e breedtoskmakrielhaai. De heaktosken, dy't nei alle gedachten effisjint wêze soene foar it fêsthâlden fan proaidieren dy't besykje los te kommen, wize op in dieet fan lytsere en middelgrutte bisten. Op basis fan 'e toskgrutte fan 'e heaktoskmakrielhaai wurdt fierders ornearre dat dizze haai in maksimale lingte berikke koe fan 3,8–5 m.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.