Springe nei ynhâld

Heaksnaffeliisfûgel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Heaksnaffeliisfûgels)
Heaksnaffeliisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaiheaksnaffeliisfûgels (Melidora)
Lesson, 1830
soarte
Melidora macrorrhina
Lesson, 1827
net bedrige

De heaksnaffeliisfûgel (Melidora macrorrhina) is in fûgelsoarte út de famylje (Alcedinidae).

De heaksnaffeliisfûgel is in grutte iisfûgel fan 27 sm lang mei in dikke, twakleurige snaffel mei in heak oan 'e ein, donkere wjukken mei grutte brune plakken, in swart gesicht mei in feale streek ûnder it each en in kroan mei blauwe spikkels.

De soarte is de iennige soarte yn it skaai en endemysk yn Nij-Guineä. Der binne trije ûndersoarten:

  • Melidora macrorrhina waigiuensis: Waigeo.
  • Melidora macrorrhina macrorrhina: westlik, sintraal en eastlik Nij-Guineä, Misool en Salawaty en Batanta.
  • Melidora macrorrhina jobiensis: noardlik Nij-Guineä en Japen.

De dreech waar te nimmen fûgel libbet yn bosk yn leechlân en heuvels en ek op plantaazjes.

Der grutte fan 'e populaasje is net kwantifisearre, mar de soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en is algemien. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de soarte de status net bedrige (LC). Oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: