Heakbek
| heakbek | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Pinicola enucleator | ||||||||||||
| (Linnaeus, 1758) | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
wintergast |
De heakbek (Pinicola enucleator) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e finkfûgels (Fringillidae). De fûgel liket op 'e krúsbek en komt foar yn 'e boskgurdle om 'e poal hinne op it noardlik healrûn.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel is 18,5 oant 25,5 sm en weaget 42 oant 77 gram. It is in frij kompakte fûgel mei it formaat fan in klyster. De fûgel hat in frij lange sturt en in tsjokke snaffel wêrfan't de punt fan 'e boppesnaffel nei ûnderen ta bûge is. Op 'e wjuk sitte twa wite wjukstreken. It mantsje is framboasread op 'e rêch, kop, hals, búk en boarst. Troch it read hinne skynt griis, omdat de fearren oan 'e basis griiskleurich binne. It wyfke hat folle minder read en is mear griis oant smoarchgiel. De sang bestiet út in stil op en del geand melancholysk mompeljen, dat goed past by de grutte, tsjustere spjirrewâlden dêr't er foarkomt.
De fûgels yn Noard-Amearika binne wat grutter as dy yn 'e Alde Wrâld; sy ha koartere en noch steviger snaffels en ek swartere wjukken en sturten.
Fersprieding en leefgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dizze fûgel komt foar yn Skandinaavje, Sibearje en yn Noard-Amearika. Yn Noard-Amearika is de soarte algemien en komt er ek súdliker foar. Der wurde acht ûndersoarten erkend:
- P. e. enucleator: fan Skandinaavje oant Midden-Sibearje.
- P. e. kamtschatkensis: noardeastlik Sibearje.
- P. e. sakhalinensis: fan Sachalin oant noardlik Japan.
- P. e. flammula: súdlik Alaska en westlik Kanada.
- P. e. carlottae: Keninginne Sjarlotte-eilannen.
- P. e. montana: it súdwesten fan Kanada en it midwesten fan 'e Feriene Steaten.
- P. e. californica: eastlik Kalifornje.
- P. e. leucura: binnenlân fan Alaska oant eastlik Kanada en it noardeasten fan 'e Feriene Steaten.
It leefgebiet bestiet út nullewâlden yn sawol leechlân as yn berchgebieten (oant 3000 m boppe seenivo yn Noard-Amearika) en it subarktyske gebiet. De fûgel wurdt ek oantroffen yn mingde wâlden yn sompige gebieten, foaral yn 'e winter. Bûten de briedtiid kin de fûgel ek waarnommen wurde yn oanplante bosken, hôven en grutte tunen yn 'e bûtenwiken.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân is de heakbek in dwaalgast.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De heakbek yt by foarkar beien (ûnder oare beien fan 'e koetsekraal, kantsjes ensfh.) en de knoppen en spruten fan allerhanne beammen lykas spjirren, Douglasspjirre, hazzenút, wylgebeam en bjirk. It nêst wurdt fan fine tûkjes boud, tsjin de stamme fan in beam (faak in spjirrebeam). Yn it nêst wurde trije oant fjouwer ljochtgriene aaikes mei grize en swarte spikkels lein.
Yn strange winters of by brek oan iten komme grutte ynvaazjes nei it suden foar, yn Jeropa oant yn Denemark. De fûgel hâldt him op yn groepkes mei soartgenoaten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De heakbek hat in grut ferspriedingsgebiet en dêrtroch is de kâns op útstjerren lyts. De grutte fan 'e populaasje waard yn 2004 rûsd op 4 miljoen yndividuen (Rich et al. 2004). De heakbek giet yn oantal efterút. It tempo leit lykwols ûnder de 30% yn tsien jier (minder as 3,5% yn 't jier). Dêrfandinne stiet de heakbek as net bedrige op 'e Reade List fan 'e IUCN. De Jeropeeske populaasje wurdt rûsd op 92.300-214.000 pearen, wat delkomt op 185.000 oant 428.000 folwoeksen yndividuen (BirdLife International 2015). Jeropa foarmet sawat 5% fan it wrâldwide ferspriedingsgebiet fan 'e soarte.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Heakbek
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Alaska
