Hausen (Wied)
| Hausen | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| dielsteat | ||
| lânkring | Neuwied | |
| ferbânsgemeente | Rengsdorf-Waldbreitbach | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 1.840[1] | |
| Oerflak | 7,72 km² | |
| Hichte | 130 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 53547, 56588 | |
| Koördinaten | 50°32'N 7°24'E | |
| Offisjele webside | ||
| hausen-wied.orts.app | ||
| Kaart | ||
Hausen is in Ortsgemeinde oan 'e Wied yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak leit yn it Natuerpark Rhein-Westerwald. Hausen falt ûnder de ferbânsgemeente Rengsdorf-Waldbreitbach.
De Ortsgemeinde ûntstie op 1 oktober 1971 troch it omneamen fan 'e eardere gemeente Bremscheid yn Hausen; de gemeente bestiet út 17 doarpkes en buorskippen mei elts harren eigen lokale skiednis.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De betsjutting fan it plak is nau ferbûn mei de stifting fan 'e oarder fan 'e Fransiskaanske Bruorren fan it Hillich Krús yn 1862 troch de skuonmakker Peter Wirth, ûnder syn kleasternamme as Jakobus bekend. Wichtich foar it stiftsjen fan in kleastermienskip yn 'e 19e iuw wie it bestean fan in krúskapel oan 'e iggen fan 'e Wied, dy't lykwols op it doarpsgebiet fan Waldbreitbach oan 'e râne fan Hausen stiet.
Om 1700 hinne wenne in hearemyt mei de namme Hubertus Quirenbach yn 'e kapel en hy wreide dy kapel út troch in dwersskip ta te foegjen en in pear kluzen, dêr't sûnt 1851 de non Rosa Flesch mei har epileptyske suster Marianne kaam te wenjen. Hja waard de stiftster fan 'e Fransiskaanske susters fan Waldbreitbach en moast yn 1860 romte meitsje foar Peter Wirth en syn gesel Anton Weber en hja boude doe op 'e Kapelberch fan it Waldbreitbacher Ortsteil Glockscheid in eigen kleaster, it Marienhaus.
Yn 1866 ferlieten ek Peter Wirth mei syn bruorren de krúskapel om harren yn 'e nijbou fan it kleaster yn Hausen nei wenjen te setten. De kleastertsjerke waard yn 1906 foltôge. It ûnbidich grutte kompleks behearsket it oanskjen fan it doarp.
Geology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei 373 m boppe seenivo is de Malberg it heechste plak fan 'e Ortsgemeinde. De Malberg is in útdôve fulkaan, dêr't oant 1932 basalt ôfgroeven waard. Yn 'e krater fan 'e fulkaan leit hjoed-de-dei in lytse mar, de Malbergsee. Oan 'e eastkant fan 'e Malberg is in net goed ûnderholden learpaad nei de kraterrâne.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Monumint foar Peter Wirth.
- Kleastertsjerke Sint-Joazef
- Monumint foar twa brânwarmanlju.
- Kratermar
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
