Springe nei ynhâld

Hartochdom Brabân

Ut Wikipedy
Hartochdom Brabân
Ducatus Brabantiae (Latyn)
Hertogdom Brabant (Nederlânsk)
Duché de Brabant (Frânsk)
01183–1795
flagge wapen
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd Leuven (1183-1267)
Brussel (1267-1795)
offisjele taal Aldnederfrankysk, Dytsk, Waalsk
steatsfoarm Hartochdom
ûntstien út Nederloataringen
opgien yn Steatsk-Brabân
Feriene Belgyske Steaten
no diel fan Nederlân
Belgje
sifers

It Hartochdom Brabân wie in hartochdom yn it Hillige Roomske Ryk dat bestie fan 1183 oant 1795. It gebiet omfiemet parten fan twa lannen, nammentlik Nederlân en Belgje. De topografyske nammen fan 'e Nederlânske provinsje Noard-Brabân en fan de Belgyske provinsjes Flaamsk- en Waalsk-Brabân jouwe hieltyd noch oan wat eartiids part fan it gebiet wie. Mar ek de Belgyske provinsje Antwerp en it Brusselsk Haadstedsk Gewest hearden ta it hartochdom.

De namme fan it hartochdom komt fan it wurd braecbant. Breack komt fan "broek" = sompelân en "brant"= gea. Dat "Brabân" betsjut safolle as "sompegea". [1]

Slach by Woeringen

Yn 1106 waard Godfryd mei it Burd, greve fan Leuven, ta hartoch fan Neder-Lotaringen makke en markys fan Antwerpen. Dat lei de basis foar it hartochdom. Yn 1183 waard it greefskip Brabân ferhege ta in hartochdom.

Nei de Slach by Woeringen wie hartoch Jan I fan Brabân ek hartoch fan Limburch. Yn it begjin fan 'e 14e iuw kaam de macht oer it hartochdom nei de hartoch fan Boergonje. Letter krigen de Habsburgers de kontrôle oer it gebiet ûnder Karel V. De hartoch bleau yn Brussel, wat it machtsintrum fan 'e Nederlannen waard. De stêd Antwerpen waard ek hieltyd wichtiger.

Under it regear fan Filips II fan Spanje en de Tachtichjierrige Oarloch foelen Brussel, Mechelen en Antwerpen yn 1585 yn hannen fan 'e Spanjerts. Mar stêden lykas De Bosk en Breda foelen yn steatshannen. En yn 1648 spjalte Brabân him op yn it Spaanske Brabân en Steatsk Brabân. Steatsk Brabân waard ta de provinsje Noard-Brabân en it Spaanske Brabân wurdt nei de oerhearsking fan Frankryk en it Keninkryk fan 'e Nederlannen ferdield yn 'e provinsjes Antwerpen en Súd-Brabân (nei de taalgrins fan Flaamsk en Waalsk-Brabân). De Frânsen beëinigen it Hartochdom ek yn 1795 nei de Frânske Revolúsje.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ons Baarle, een bijzonder dorp. Bouwstenen voor de geschiedenis van Baarle. Henricus Joosen. 1946