Hartlaubtrap
| hartlaubtrap | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Lissotis hartlaubii | ||||||||||||
| von Heuglin, 1863 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De hartlaubtrap of Hartlaubs trap (Lissotis hartlaubii) is in fûgel út 'e famylje fan 'e trapfûgels (Otididae). De fûgel is neamd nei de Dútske ornitolooch Gustav Hartlaub. De wittenskiplike namme waard yn 1863 publisearre troch Theodor von Heuglin. De soarte waard earder yndield yn it skaai Eupodotis.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hartlaubtrap is in middelgrutte trapfûgel mei in lange hals en lange poaten. It mantsje hat in in opfallend swarte tekeningen op 'e kop en in swarte streek oer de hals dy't oerrint yn 'e swarte búk. It wyfke is folle ienfâldiger fan kleur. It mantsje hat in soad fan 'e swartbúktrap mar ûnderskiedt him troch in swartere koptekening mei in helder wyt plak op it wang. Wyfkes hawwe ek in soad fan inoar, mar dy fan 'e hartlaubtrap hawwe in ljochte streek oer in fyn spikkele hals. By de hartlaubtrap binne de wjukken foar it grutste part wyt, wylst de wjukken fan 'e swartbúktrap folle mear swart hat.
Fersprieding en leefgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dizze soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. Hy komt foar yn Etioopje, Kenia, Somaalje, Súd-Sûdan, Sûdan, Tanzania en Uganda. De soarte bewennet drûch en fochtich gerslân, drûge savannes, drûch strûklân, boulân en greiden, op hichten fan 0 oant 2.000 meter. Hy is lokaal algemien yn Kenia en Sûdan, mar seldsumer oan 'e râne fan syn ferspriedingsgebiet yn Somaalje en ûngewoan yn Etioopje.
Iten en briedgedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hartlaubtrap yt benammen ynsekten en oare lytse wringeleazen, oanfolle mei plantaardich materiaal. De soarte is in stânfûgel. De generaasjedoer bedraacht 8,1 jier.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in stabile populaasjetrend. De wrâldpopulaasje is net kwantifisearre, mar wurdt stabyl achte by gebrek oan bewiis foar efterútgong of substansjele bedrigingen. De hartlaubtrap stiet op de Reade List fan 'e IUCN as net bedrige (Least Concern). De soarte stiet op CITES-bylage II.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
