Harpij (rôffûgel)
Harpij | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Harpia (harpyja) | ||||||||||||
(Linnaeus, 1758) | ||||||||||||
![]() | ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De harpij (Harpia harpyja) is in rôffûgel, dy't heart ta de famylje fan 'e haukeftigen (Accipitridae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 publisearre as Vultur harpyja troch Carolus Linnaeus. It is de grutste soarte fan 'e harpij-earnen (Harpiinae) en de ienige soarte yn it skaai Harpia.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel is ferneamd nei de mytologyske Grykske geasten, oan wa't skipbrek en rôf fan bern en sielen taskreaun waard. It is ien fan 'e grutste earnen yn 'e wrâld mei in meast donkergriis fearrekleed en in jiskegrize kop en wite búk. Oer it boarst rint in swarte bân. Beide skaaien ha in túf fan lange fearren op 'e krún, dy't omheech set wurde kin. De harpij hat koarte mar tige sterke poaten mei lange, sterk bûge klauwen. De brede wjukken binne foar it formaat fan it bist koart en mei de beweechbere sturt meitsje se it foar de fûgel ienfâldiger om yn tichte bosken te jeien. De wyfkes binne trochstrings in tredde grutter as mantsjes. Se wurde 89 oant 102 sm lang, ha in wjukspanwiidte fan 175 oant 220 sm en in gewicht fan 4 oant 9 kg.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De harpij libbet yn 'e leechlânreinwâlden fan Midden- en Súd-Amearika, mei as kearngebiet de Amazônereinwâlden fan Brazylje en Perû, dêr't er yn primêre mar ek yn sekundêre bosken oant 900 m boppe seenivo foarkomt.
Proaien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De rôffûgel libbet fan middelgrutte bisten, lykas apen, luiaards, stikelbargen, lytse bearen, gruttere fûgels, leguanen en slangen. De sterke klauwen binne tige geskikt om de bisten út beammen te pakken.
Bytiden snipt de fûgel syn proaien ek fan 'e boaiem, mar meast wurde se út de beamtoppen fongen. Hy dûkt troch it beamtegrien en manoeuvrearret behindich tusken de tûken. TBy syn dûken kin de fûgel snelheden berikke oant 50 km/oere. De harpij sit faak op in útstekkende tûke út it blêdedak en siket fan dêr wei nei in proai. Sadree't de proai fongen is, draacht de harpie-earn syn proai troch de loft nei in brede tûke of it nêst om him op te fretten. Gruttere proaien lykas luiaards of grutte apen wurde faak fuortendaliks foar in part opfretten.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas alle oare earnen binne harpijen monogaam en se bliuwe oant harren dea by deselde partner. Nêsten wurde as in platfoarm fan tûken yn hege beammen boud, soms wol fjirtich oant sechstich meter boppe de grûn. In lechsel bestiet út ien of twa aaien. De ynkubaasjetiid is 53-56 dagen. Nei it útkommen fan 'e aaien wurde se noch tsjien moanne of langer troch de âlden fuorre.
Sibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Latynsk-Amearika is der noch in oare sibbe fan 'e harpij: de wurchearn (Morphnus guianensis). In oare sibbe fan 'e harpij libbet op Nij-Guineä, dy't yn it Frysk Paoea-earn of harpij-earn (Harpyopsis novaeguineae) neamd wurdt.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it noch net oantaaste ferspriedingsgebiet is de fûgel frij algemien. De populaasjegrutte wurdt op 100.000-250.0000 folwoeksen fûgels rûsd, mar de oantallen rinne tebek. Bedrigingen foarmje û.o. de jacht op 'e fûgel, dy't mar stadich briedt. Ek it oanhâldende ferneatigjen fan bosk foarmet in grutte bedriging foar it bist. As de jacht op 'e fûgel beheind wurde kin en de lannen fan it Amazônereinwâld in ekologyske struktuer meitsje fan ûnderling ferbûne stikken bosk dat goed beheard wurdt, dan kin de fûgel fan 'e Reade List helle wurde. De soarte wurdt no troch de IUCN as gefoelich klassifisearre.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De harpij wurdt yn Panama as de nasjonale fûgel beskôge en is dêrom ôfbylde yn it wapen fan Panama .
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Harpij (skaai)
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Suriname