Harpij (mytology)

De harpij is in mytysk wêzen út de Grykske mytology. De namme komt fan it Grykske wurd "harpyia", dat likernôch "rôveresse" of "ien dy't griemt" betsjut.
De harpijen binne dochters fan Taumas en Elektra. Taumas is in godheid dy't ferbûn is mei de see en de wûnders derfan. Elektra is in okéanide (ien fan 'e 3.000 wetternimfen), dochter fan Okéanos en Tethys. Dêrfandinne binne harpijen susters fan Iris, de reinbôgegoadinne en boadskipper fan 'e goaden. Iris is posityf en moai, wylst de harpijen it foaroerstelde binne: grimmitich en destruktyf.
Harpijen wurde meast as skepsels mei it lichem fan in fûgel en de holle (en soms de buste) fan in frou ôfbylde. Se wurde faak as ôfgryslike, stjonkende wêzens mei skerpe klauwen en in feareftich liif beskreaun. Yn guon lettere fertellingen waarden se moaier foarsteld, mear as ferliedende en dochs gefaarlike wêzens.
Harpijen wiene boaden fan 'e goaden, benammen fan Zeus, dy't harren stjoerde om minsken te straffen. Se stielen of besmodsken it iten fan har slachtoffers, sadat it net mear te iten wie. Yn guon myten nimme se minsken of sielen mei nei de ûnderwrâld. Yn 'e myte fan 'e Trasyske kening Finéus, in profeet dy't troch de goaden straft waard, kamen harpijen foar. Alle kearen as Finéus ite woe, kamen de harpijen om it iten fuort te rôvjen of der oerhinne te migen, sadat er it net opite koe. De Argonauten joegen mei help fan 'e Boréaden (de soannen fan 'e wyn) de harpijen fuort.
Se symbolisearje yn in soad ferhalen de razernij fan 'e natuer of godlike wraak. Yn lettere keunst en literatuer binne se faak brûkt as symboal foar ferlieding en straf.
Nammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De meast neamde harpijen yn 'e klassike mytology hawwe de folgjende nammen:
- Aello (Ἀελλώ) – betsjut "stoarmwyn" of "razende wyn".
- Ocypete (Ὠκυπέτη) – betsjut "hja dy't fluch fleant".
- Celaeno (Κελαινώ) – betsjut "tsjustere".
- Podarge (Ποδάργη) – betsjut "rappe fuotten".
Net alle boarnen neame alle nammen en de nammen kinnen neffens de skriuwer of tiid ferskille. Soms wurde se mei syn trijen neamd, soms allinnich twa, en yn oare ferhalen mar ien.
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Harpies fan Wikimedia Commons. |