Papoea-earn
| Harpij-earn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Finzen harpij-earnen yn in koai fan in hotel op Papoea-Nij-Guineä. | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Harpyopsis novaeguineae | ||||||||||||
| (Salvadori, 1875) | ||||||||||||
De Harpij-earn of Papoea-earn (Harpyopsis novaeguineae) heart ta de famylje haukfûgels (Accipitridae). De harpij en de wurchearn binne oan 'e fûgel besibbe. Harpij-earnen binne endemysk op Nij-Guineä. De fûgel is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is 75 oant 90 sm lang en hat brede, frije koarte rûne wjukken. De spanwiidte is 121 oant 157 sm. De búk en it boarst binne effen fan kleur en bleek, de rêch is donker. Op 'e kop hat de fûgel in lytse túf. De sturt is lang en oan 'e ein rûn, mei ûndúdlike dwersstreken. Allinne de einstreek is dúdlik te sjen. De earn hat grutte eagen mei in iris dy't somtiden bleek, somtiden donker wêze kin.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wurdt op it hiele eilân Nij-Guineä oantroffen, benammen yn' e bercheftige kriten oant in hichte fan 2000 m boppe seenivo. De soarte komt op it eilân nearne algemien foar. Yn 1999 waard rapportearre dat de fûgel relatyf faak sjoen waard by Kikori.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel jeit benammen op sûchdieren lykas beamkangoeroes en rotten, mar ek op bargen en hûnen. It is in rôffûgel dy't sterk ôfhinklik is fan yntakt reinwâld.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasjegrutte is lestich te kwantifisearjen en wurdt rûsd op 3.200 oant 4.000 yndividuen (2016). De Harpij-earn nimt yn oantal ôf troch jacht foar syn fearren. De sturt- en wjukfearren wurde yn tradisjonele seremoaniële klean brûkt. De oanlis fan diken en de beskikberens fan fjoerwapens hat jachtdruk fergrutte. Dêrfandinne wurdt de Harpij-earn troch de IUCN op 'e Reade list as kwetsber klassfisearre (2022).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
