Harold Osborn
| Harold Osborn | ||
| Harold Osborn (1924) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Harold Marion Osborn | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 13 april 1899 | |
| berteplak | Butler (Illinois) | |
| stjerdatum | 5 april 1975 | |
| stjerplak | Champaign (Illinois) | |
| lingte | 1.81 m | |
| gewicht | 73 kg | |
| sportive ynformaasje | ||
| sport | Atletyk | |
| ûnderdiel | Heechspringen, Mearkamp | |
| O.S. | Parys 1924, Amsterdam 1928 | |
| wichtige prestaasjes | ||
Harold Marion Osborn (Butler (Illinois), 13 april 1899 - Champaign (Illinois), 5 april 1975) wie in Amerikaansk heechspringer en mearkamper.
Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1924 en 1928). Hy waard yn Parys Olympysk kampioen by it heechspringen mei Olympysk rekôr fan 1.98 meter. In goed wike letter wûn Osborn ek de tsienkamp mei 7710.775 punten
Osborn wie bekend om syn "lattentrúk". Under syn flecht oer de latte drukte er dy tsjin de hâlders, sadat dy by lichte oansrekking net falle koe. Foto's en filmateriaal toanden oan hoe't de trúk wurke. Osborn hat him oars syn libben lang ferware tsjin de fertinking dat er op dizze wize falsk spile. Hy bewearde dat syn earm allinnich mar in skaad smiten hie.[1]
Wis is lykwols dat de 2,05 meter dy't er in jier letter by in wedstriid yn Austin sprong, om deselde reden net erkend waard as nij wrâldrekôr. Hoe dan ek, al gau woene tal fan atleten de kampioen neidwaan en spesjalisearren harren deryn om ûnder de sprong de latte fêst te hâlden. De wrâldatletykbûn seach him hjirom twongen om yn 1926 it reglemint te wizigjen. Sûnt dy tiid leit de latte folslein frij op plaatsjes tusken de standers, sadat dy by oanrekking sawol foarút as nei ûnderen falle kin.
Osborn hat boaske west mei de Kanadeeske atlete Ethel Catherwood.
Harold Osborn ferstoar op 5 april 1975, yn 'e âldens fan 75 jier.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
