Springe nei ynhâld

Harmen van der Bij

Ut Wikipedy
Harmen van der Bij
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne22 septimber 1920
berteplakSibrandahûs,
stoarn16 septimber 2000
stjerplakLjouwert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amtûnderwizer
aktyf astekener, keunstskilder, amateur-histoarikus

Harmen van der Bij (Sibrandahûs, 22 septimber 1920 – Ljouwert, 16 septimber 2000) wie in ûnderwizer, tekener, keunstskilder en amateur-histoarikus fan de regio Noardeast-Fryslân.

Harmen van der Bij – yn 'e folksmûle bekend as "Master van der Bij" – waard berne op 22 septimber 1920 yn Sibrandahûs. Hy wie de jongste soan fan Lieuwe Geerts van der Bij en Aukje Foekes Bos, ienfâldige boeren op 'e klaai lâns de Dokkumer Ie. Syn âldere bruorren kamen op de pleats, en Van der Bij "moast leare" en gie fan MULO (Heger Fuortset Underwiis) nei de learare-oplieding. Hy krige ferkearing mei Ytje Wijga, dy't oan 'e oare kant fan 'e Ie wenne. As er har besocht, moast er de brêge benoarden Sibrandahûs oerstekke. De brêgewachter wie in goede tekener en moedige Van der Bij oan om it ek te besykjen. Op 'e kweekskoalle wijde er him oan 'e lessen en die er in soad ûnderfining op mei ienfâldige materialen lykas potlead en inketpinne. Hy kopiearre in soad, en wat er dêr benammen learde wie observearjen.

Nei de oarloch stie er earst fjouwer jier oan de legere skoalle yn Rinsumageast. Yn 'e simmer fan 1949 begûn er te sollisitearjen nei in oare baan en hie al gau súkses. Hy waard beneamd oan de Kristlike Skoalle yn Twizel ûnder de betingst dat er ek foarsitter waard fan 'e J.V. (jongereinferiening). Nij troud, festige it pear him oan 'e Rykswei. As ûnderwizer makke er in protte yndruk op 'e bern mei boeiende ferhalen oer skiednis en biology. Foar syn tiid wie er tige kreatyf yn it oerdragen fan kennis; hy naam de learlingen faak mei yn 'e natuer dêr't er har daliks oer it gea, de floara en fauna learde. Van der Bij wie in briljante boerdtekener. Hy yllustrearre ek ûntelbere poëzyalbums, Bibels, lieteboeken, jierdei- en jubileumkaarten.

Doe't de rykswei yn Twizel omlaat waard en ferskate huzen ôfbrutsen wurde moasten, waard er troch ien fan 'e bewenners frege om in tekening te meitsjen fan 'e âlde smidse. Dat stuit beskôge Van der Bij as it begjin fan syn tekenkarriêre. Tsientallen mear folgen nei dy iene print. Tekenjen en skilderjen waarden in manier foar him om syn oare passys, regionale skiednis en natuer fêst te lizzen. Alde huzen, tsjerken, pleatsen en it plattelân yn 'e bredere omkriten fan Twizel en syn berteplak waarden op papier fêstlein en bewarre foar it neiteam. Yn 'e rin fan 'e jierren emigrearren in protte fan syn wurken nei Kanada, de Feriene Steaten en Nij-Seelân, dêr't se koestere wurde as in stikje Heitelân.

Van der Bij ferstoar op 16 septimber 2000, hast 80 jier âld. [1]

Hoewol't Van der Bij it meast bekend is om syn kalinders mei doarpsgesichten (dy't hast alle jierren ferskynden), monumintale gebouwen en tsjerken (1979-2000), liet er ek in mânske hoemannichte wurk nei dat selden yn it iepenbier te sjen west hat. Tal fan oaljeferveskilderijen, wetterferven, frije tekeningen en yllustraasjes binne yn partikulier besit.

De lytsere wurken fan Van der Bij omfetsje in grutte kolleksje yllustraasjes foar berneboeken, boekjes mei mearkes, leginden en ferhalen, en boeken oer regionale skiednis. Hy krige sa no en dan opdrachten foar reklameprojekten, en hy makke ek ûntwerpen foar in keunstwurk op grutte skaal dat smeid waard troch de doarpssmid Detmar (deselde dy't him frege om de smidderij te tekenjen) en sûnt dy tiid yn 'e Herfoarme Tsjerke yn Twizel hinget.

De gemeente joech him opdracht om trouaktes te kalligrafearjen; hy krige goed 2 gûne it boekje. In protte freonen en kunde waarden alle jierren ferrast mei selsmakke krystkaarten, elk mei in unike ôfbylding. Elts kaartsje en poëzijalbum is in lyts keunstwurk op himsels. Van der Bij brûkte benammen potlead en wetterferve. De begeliedende teksten binne faak stichtlik en from, en reflektearje de geast fan 'e man en syn ynspiraasje.

Van der Bij syn detaillearre tekenstyl makket sels de rekonstruksje fan boukundige eleminten mooglik. Sadwaande jout syn wurk sels ynformaasje foar restaurearders. Hy waar net graach in keunstner, teminsten net yn in positive sin. Hy joech der de foarkar oan, as it nedich wie, omskreaun te wurden as in ambachtsman.

Skriuwer
  • De christelijke school Twijzel 1905-1980 (1981)
  • In minskelibben lang oan it wetter (oer de bewenners fan Mûntsetille) (1988)pdf
  • ons mooie friesland (1979) ISBN 90 6368 003 1
  • Pingo’s, puollen en planten (tegearre mei H. Veenstra) (1975) ISBN 90 6171 484 2
  • Sic transit gloria mundi (oer Twizel en Bûtenpost) (1990)
  • Skoander Besit: de monuminten yn Achtkarspelen (tegearre mei Meint Bottema]]) (1976) ISBN 90 700 10 41 0
Yllustraasjes
  • Alde pake op de praatstoel fan Gerben Oegema (1981,2000)
  • de heremiet - Binne Veltman (1978) ISBN 90 6011 145 1
  • Opa’s jonge joaren - Nies Sap-Akkerman (1977) ISBN 90 6272 06 17
  • Rare kostgangers in Achtkarspelen - W.T. Fleer (1981, 2e printinge)
  • Schetsen van een dorp - Gerben Oegema (1981) ISBN 90 6272 311X
  • Tussen Sennaer en Lauwers (1972) - S. Hogendorp en H. Veenstra
Bydrage
  • Annema van Dantumawoude (1997) ISBN 90 803833 2 5
  • Bilingual Education in Friesland edited by Koen Zondag (1982) ISBN 90 6135 342 4
  • De Ham - in doarp op 'e sânen - Jan Dotinga (1985)
  • Drogeham - Droegeham 1900-2000 (2015) ISBN 978-90-9028895-6
  • Gereformeerde Kerk Twijzel 1892-1992 (1992)
  • It is mei sizzen net te dwaan 1905-2006 In ieu kristlik ûnderwiis yn Twizel
  • Jistrum 750 jier (1981)
  • Niet een Brug te ver! Herdenking bevrijding 1945-1995 N.B.S Achtkarspelen
  • Veldgids landschapselementen Noardlike Fryske Wâlden - Jan J. de Boer (2003) ISBN 90 807803 1 6

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ↑ Earder publisearre op de webside fan de stichting Keunstkrite. Argivearre op 7 augustus 2020. Rieplachte op 27 maart 2021.