Harmen Siezen
| Harmen Siezen | ||
| Harmen Siezen yn 1995 | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| berne | 26 desimber 1940 | |
| stoarn | 5 april 2025 (84 jier) | |
| wurkpaad | ||
| wurksum as | telefyzjepresintator, nijslêzer | |
| bekend fan | NOS-sjoernaal | |
| jierren aktyf | 1962-2008 | |
Harmen Reinoud Siezen (Noordgouwe, 26 desimber 1940 – 5 april 2025) wie in Nederlânske telefyzjepresintator en sjoernalist. Hy wie lange tiid nijslêzer foar it NOS Sjoernaal. Siezen wie hast 40 jier op telefyzje te sjen, faak yn in live-útstjoering.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harmen Siezen waard berne yn Noordgouwe (Schouwen-Duiveland) as soan fan in predikant. Yn de Hongerwinter wenne de húshâlding as evakuees yn Hillegersberg by Rotterdam. Siezen groeide op yn Seelân, Zaltbommel, De Haach, Peize, en Rotterdam, de plakken dêr't syn heit syn amt útoefene hat. Yn 1956 skieden syn âlden, wat yn dy tiid útsûnderlik wie, foaral foar in predikantehúshâlding. Siezen folge it gymnasium en studearre dêrnei in jier yn de Feriene Steaten. Dêrnei moast er yn militêre tsjinst.
Mediakarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy begûn yn 1962 by de Haachske fêstiging fan it parseburo United Press International (UPI) en wurke dêrnei fan 1963 ôf by Radio Veronica, dêr't er bekend waard om syn ûnderkuolle en drûchnochtere styl fan presintearje, sawol yn de rol fan diskjockey as fan nijslêzer. Yn 1966 gie er by de TROS wurkje as ferslachjouwer en presintator. Siezen troude ek yn 1966 en hie twa bern.
Yn 1969 begûn er as ferslachjouwer by it NOS Sjoernaal; bûten byld oefene er as nijslêzer. Frits Thors en Rien Huizing learden him it fak. Nei't sy harren nijsbulletin foarlêzen hiene, moast Harmen dit neidwaan, wêrby't kwa klam en lêssnelheid de puntsjes op de i set waarden. Yn 2001 waard er keazen ta bêste nijslêzer.
TV 10
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Siezen naam nei wiidweidich beried yn 1989 de gok en stapte oer nei TV 10, dy't de earste kommersjele stjoerder yn Nederlân wurde moast. Njonken in heger salaris hie Siezen der ferlet fan om ris wat oars te dwaan. De direkteur fan de NOS makke him dúdlik dat, as er dat trochsette, hy der by harren foar altyd útlei. De stjoerder einige yn in fiasko en nei sân moanne krige Harmen dien. It NOS-sjoernaal hie lykwols yn de tuskentiid noch gjin goede opfolger foar him fûn en Siezen kaam ferromme werom op it âlde nêst, fêstbesletten om der te bliuwen. Mar syn útstapke bleau net hielendal sûnder gefolgen: de NOS sette Siezen net mear yn yn yn yn it Achtoeresjoernaal, útsein út en troch op sneintejûn. Nei it fuortgean fan kollega Joop van Zijl yn 1996 hope Siezen dy syn frijkommen plak yn te nimmen, mar de lieding joech de foarkar oan Philip Freriks.
Ofskied
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Siezen naam nei 33 jier op 13 septimber 2002 ôfskied fan it NOS sjoernaal.
Al hie er leaver gjin 'toeters en bellen' by syn ôfskied, oerfoel syn kollega Philip Freriks him dochs by syn lêste nijsbulletin mei in bosk blommen; Siezen fûn dat absolút net leuk. Hy besleat syn lêste sjoernaal mei de wurden: Dames en heren, ik wens u een goede avond, mar wie troch it ûnferwachte gedrach fan Freriks behoarlik rekke. Hy hie doe 17.000 sjoernaals presintearre.
It nijsfeit dat it measte yndruk op Siezen makke wie de fleantúchramp op Tenerife.
Njonkenaktiviteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1995 oant 2007 wie er presintator fan NCRV's Nationale Nieuwsquiz, earst solo, letter tegearre mei Mieke van der Weij. Dêrneist presintearre er programma's foar Teleac, wie er as deifoarsitter aktyf, krige er de rol fan ferteller yn de teätermusical Rocky oer the Rainbow en wie er de voice-over fan de RTL 5 - searje Dat zal ze leren!
As journaallêzer wie er ek te sjen yn de jeugdsearje Thomas en Senior (1985) en yn de telefilm De trein van zes uur tien (1999).
Op 6 maaie 2006 wie Siezen te gast yn Dit ws het nieuws. Op 22 desimber 2006 wie Siezen belutsen by de útrikking fan de Gouden Loeki 2006. Hy fertelde oer telefyzjereklame wylst er troch de Blue Man Group grien ferve waard en der op syn grienferve pak mei help fan gromakey in animaasje ôfspile waard.
Siezen en syn âld-kollega, sjoernaalpresintator Philip Freriks, spilen yn 2008 mei yn in komeedzje fan Het Zuidelijk Toneel, De Grote Verkiezingsshow. De premjêre wie op 18 oktober 2008, doe't de striid foar de Amerikaanske presidintsferkiezingen yn folle gong wie.
Lettere libben en ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wjersin fan it hjoeddeiske sjoernaal hie er net. Op 5 jannewaris 2016 ûntbruts Siezen by it 60-jierrich jubileum fan it Sjoernaal doe't âld-kollega's om beurten de deibulletins fersoargen, fanwegen in slim ûngelok yn novimber 2015 doe't er twa nekwringen bruts. Siezen libbe de lêste jierren op himsels. Op 5 april 2025 ferstoar er yn de âldens fan 84 jier.
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Portret Harmen Siezen by gelegenheid fan 50 jier NOS-Sjoernaal (fia Internet Archive Wayback Machine)
- (ned) Portret fan Harmen Siezen by de NCRV (fia Internet Archive Wayback Machine)
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Harmen Siezen fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
