Harmen Post
| Harmen Post | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 6 july 1907 | |
| berteplak | Hallum | |
| stoarn | 15 febrewaris 1995 | |
| stjerplak | Utert | |
| etnisiteit | ||
| wurkpaad | ||
| wurksum as | skilder, yllustrator, dosint | |
| jierren aktyf | 1922-1979 | |
| offisjele webside | ||
| RKD-profyl | ||
Harmen Klaas Post wie in Nederlânske keunstskilder, yllustrator en dosint fan Frysk komôf. Hy wie benammen bekend fan syn lânskippen, portretten en boekyllustraasjes. Yn syn karriêre ûntwikkele er in brede styl, fariearjend fan kubistysk-ekspresjonistysk oant ferstille realisme.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harmen Post waard berne yn 1907 as soan fan skroar Harmen Jan Post en Klaasje de Groot. Hy begûn syn oplieding oan de ambachtsskoalle, dêr't er it skildersfak learde. Yn 1927 ferhuze er nei De Haach om te studearjen oan de Akademy foar Byldzjende Keunsten. Dêr spesjalisearre er him yn toanieldekoraasje, wat him letter wurk opsmiet as dekorûntwerper foar revu- en operetteselskippen. Nettsjinsteande syn sukses yn dy sektor, besleat Post úteinlik om him te rjochtsjen op in karriêre as reklameûntwerper en letter keunstskilder.
Yn De Haach moete er Riek Damsteeg, in ferpleechster dy't wurke yn in psychiatrysk sikehûs. Doe't Riek nei Utert ferhuze, folge Harmen har en trouden se yn 1935. Yn'e iere jierren fan'e Twadde Wrâldoarloch waard Post troffen troch tuberkuloaze, wat him lange tiid behindere om te skilderjen.
Post wie in grut natuerleafhawwer, in tema dat faak weromkaam yn syn wurk. Hy skildere ûnder oare lânskippen op Teksel, doarpen lâns de Lek, en ferskate plakken yn Dútslân. Neist skilderjen yllustrearre er boeken, tydskriften en kranten.
Yn 1943 waard Post lid fan it Stichts Genootschap Artibus, in keunstoplieding dat letter útgroeie soe ta de Hegeskoalle foar de Keunsten Utert (HKU). Dêr krige er les fan Mar Diemèl, mei wa't er letter goefreon wurde soe en yntinsyf mei gearwurke. Post waard úteinlik dosint oan de jûnsskoalle fan Artibus, dêr't er les jaan bleau oant yn 1988, fier nei syn pinsjoen. Yn syn fjirtich jier lange dosintskip hie er in grutte ynfloed op meardere generaasjes keunstners.
Hoewol't Post yn syn libben net in soad eksposearre, waard er er bewûndere troch âld-learlingen en kollega-keunstners. Hy stie derom bekend opdrachten te wegerjen as opdrachtjouwers te folle ynfloed útoefenje woene op it kreative proses.
Harmen Post bleau oant yn hege âldens aktyf as keunstner. Nei in auto-ûngelok yn jannewaris 1995 ferstoar er in pear wike letter yn it sikehûs.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wurk fan Harmen Post ûntwikkele him troch de jierren hinne. Yn de jierren fyftich skildere er faak hynders en fûgels tsjin dekorative eftergrûnen, beynfloede troch syn eardere wurk as dekôrûntwerper. Dy wurken hiene faak in kubistysk - ekspressionistyske styl. Yn de sechstiger jierren ferskode syn ynteresses nei lânskippen, wêrby't er eksperimintearre mei abstrakte foarmen en kleurgebrûk. Letter, yn de tachtiger jierren, ûntwikkele er in styl fan ferstille realisme, dêr ’t er him yn rjochte op detaillearre lânskippen en sombere reinige loften.
Yn de Twadde Wrâldoarloch wurke er foar Douwe Egberts yn Utert, dêr't er him rjochte op yllustraasjes foar de kofje- en teebrâns. Ien fan syn bekendste kommersjele wurken is de dekoraasje fan koeketrompen mei ôfbyldingen fan fûgels.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Adelaar, D., Gerards, I., & Gielkens, J. (2002). Het vergeten hoofdstuk: over leven en werk van Henk Bellaard, Mar Diemèl en Harmen Post. Vianen: Optima. ISBN 907694007X.
- Keunstnersargyf Harmen Post
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|