Springe nei ynhâld

Harmen Kingma

Ut Wikipedy
Harmen Kingma
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne9 febrewaris 1901
berteplakHantum
stoarn1971
wurkpaad
berop/amtUndernimmer
reden
  bekendheid
Frysk ferset yn de Twadde Wrâldoarloch

Harmen Kingma (Hantum, 9 febrewaris 1907 - 1971) wie in bou-ûndernimmer dy't in wichtige rol spile yn it Fryske ferset yn de Twadde Wrâldoarloch.

Foar de oarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kingma hie de lieding oer it timmerfabryk fan it bedriuw, dat oan de Dokkumer Ie yn Ljouwert stie. Syn broer Marten Kingma wie direkteur. De bruorren hiene de foaroarlochske ûntjouwingen yn Italië, Spanje en Dútslân op 'e foet folge en wiene út har oertsjûging wei (Harmen wie, lykas harren heit, menist; Marten wie ateïst en sosjaaldemokraat) tige sterk tsjin alles wat mar like op fassisme en nasjonaalsosjalisme.

Fan 1937 ôf hiene se kontakt mei de joadske famylje De Jonge, dy't út Dútslân útwykt wie. Dêrtroch wiene se goed op de hichte fan wat der yn Nazy-Dútslân te rêden wie.

Begjin fan ferset

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn juny 1942 waard it dúdlik dat der foar de famylje De Jonge in ûnderdûkadres fûn wurde moast. Sadwaande waard kennis makke mei Krijn van den Helm, dy't ek mei de famylje De Jonge befreone wie. Van den Helm wie doe al behelle yn allegear yllegale aktiviteiten en de Kingma's hiene goed kontakt mei him. Sa waard it wenhûs fan de Kingma's (dat njonken it fabryk oan de Dokkumer Ie lei) in knooppunt fan fersetsaktiviteiten: ferdieling fan bútmakke distribúsjebonnen, trochgongshûs foar minsken dy't ûnderdûke moasten, tarieding fan oerfallen, ynformaasjesintrum by de maaiestaking fan 1943. De mannichte telefoanpetearen hiene altyd as ûnderwerp saken as hout, spikers, skroeven en kezinen.

It haadkertier fan it Fryske ferset wie it wenhûs fan Van den Helm oan de Beetgumerstrjitte yn Ljouwert. Yn febrewaris 1944 waard dúdlik dat dat plak te gefaarlik waard, en waard it ferpleatst nei it bedriuw en de wenning fan de Kingma's. Dêr wie folle mear romte, der wiene flechtgongen, en it wie in bedriuw mei in soad aktiviteit, sadat kommen en gean fan frjemden net opfoel. Dêrmei wie it min ofte mear in sintrum fan de Fryske KP wurden. In soad leden fan it Fryske ferset kamen alle dagen oer de flier, en fan maaie 1944 ôf hie ek fersetsstrider Pieter Wijbenga hjir syn kertier. Ek Piet Oberman, de letter KP-lieder en in âlde bekende fan Harmen, liet der geregeld syn gesicht sjen. In oare hast deistige gast wie Esmée van Eeghen, dy't ynearsten troch Annie, de frou fan Kingma, nochal erchtinkend besjoen waard, mar dy't har letter dochs tige wist te wurdearjen. Van Eeghens omgong mei de Dútser Hans Schmälzlein late ta de ein fan de besites oan it hûs fan de Kingma's, nei't se him op in dei yn de maitiid meinaam nei Ljouwert.

Op 15 july 1944 waard it tsiispakhûs fan de Tamminga's oan de Skrâns yn Ljouwert trochsocht troch de SD. Dêr leine tydlik wapens en de administraasje fan it Frysk ferset, wêrûnder ek it adres fan it timmerfabryk as haadkertier fan de Fryske KP. Kingma krige dêr telefoanysk berjocht fan en it wie dúdlik dat er in goed hinnekommen sykje moast. In dei earder wiene trije fan de fjouwer bern al yn feilichheid brocht, nei de arrestaasje fan Ben de Vries en Jan Evenhuis. Foar it timmerfabryk lei in wenarkje, dat soms as tydlike húsfêsting foar wurknimmers brûkt waard. Mei in motorboatsje fan buorman Douwe Hofstra waard it arkje mei Harmen oer de Bonkefeart nei de Grutte Wielen by Ljouwert fersleept. Doe't se ûnder de betonnen brêge oer de Bonkefeart yn de Lekkumerwei foeren, koene se de Dútske oerfalweinen nei it timmerfabryk gean hearre. It arkje waard dellein oan de Houtwielen yn Gytsjerk. Dêr kaam Piet Oberman, yntusken de nije KP-lieder, al gau del om Harmen te freegjen de ferantwurdlikheid mei him te dielen. Dy wiisde dat ôf fanwegen syn meniste eftergrûn.

Sawat sân oere moarns kamen de oerfalweinen oan by it fabryk. It personiel waard op it binnenplak sammele en ûnder skot holden, de boekhâlder en de wurkplaatsjef waarden net al te sêftsinnich ûnderfrege. Se holden har dom en op dy fraach melden se dat Kingma wol yn Follenhove, Slootdorp of Wieringermeer wêze soe (dêr't filialen fan it boubedriuw wiene): hy wie wol faker in nacht fuort. It oare personiel waard net fierder ûnderfrege, omdat de Dútsers haast hiene om de fersetsgroep op te rôljen nei de fynsten yn it tsiispakhûs. Dat wie foar har mar goed ek; in soad personielsleden wiene KP'ers mei net folle ferstân fan it timmermansfak, dy't by ûnderfreging mooglik troch de koer sakke wêze soene.

Nei't de húshâlding in healjier yn it arkje trochbrocht hie - sûnder wetterlieding, gas of elektrisiteit - kamen der sinjalen dat de SD in razzia yn Gytsjerk hâlde soe, omdat út ynbeslachnames by de oerfal op it timmerfabryk dúdlik wurden wie dat de foarâlden fan Harmen Kingma dêrwei kamen. In nij ûnderdûkadres waard fûn by de famylje Mous yn Bakhuzen. Fan septimber 1944 oant de befrijing hie de famylje sels in wenning ta syn foldwaan. Al gau waard dit hûs op'e nij in bolwurk fan fersetsaktiviteiten, en wie de - ûnderwilens foar in grut part wer byinoar kommen - húshâlding útwreide ta trettjin fêste en faak twa oant fjouwer tydlike leden. Yn de kâlde winter fan 1944/'45 waard in itensline nei it hongerjende westen opset, mei help fan boeren en fiskers, dy't foar it ferfier soargen. Mei help fan blanko formulieren, dy't fan in jonge amtner fan de Ljouwerter Itenskommisje krigen wiene, waarden de frachten min of mear legalisearre. Dy amtner, Johannes Brandsma, waard letter boargemaster fan Ljouwert.

Op 15 april waarden Ljouwert en Snits befrijd. De dei dêrnei gie Kingma fia in soad omwegen nei Ljouwert, dêr't er hûs en bedriuw foltroppe mei Kanadezen oantrof. It timmerfabryk hie ûnder de bedriuwslieder trochdraaid. Under in steapel hout kaam de Studebakker foar it ljocht, dy't dêr oan it begjin fan de oarloch ferburgen wie. Dêrmei waard, mei benzine fan de Kanadezen, nei Gaasterlân riden, om yn Bakhuzen de húshâlding wer op te heljen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sandijck, Tom: De timmerfabriek van Kingma: haard van verzet in de jaren 1943/1945 In: Leeuwarder historisch tijdschrift Leovardia 41, s. 22-31; maaie 2013
  • Walle, de, Hessel (2019). De Mannen van de Overval. Wijdemeer, Dokkum, s. 416. ISBN 9789492052599.
  • Walle, de, Hessel (2022). Piet Oberman. De man en de mythe. Wijdemeer, Dokkum, s. 416. ISBN 9789492052872.
  • Wijbenga, Pieter (1978). Bezettingstijd in Friesland, diel I-III. De Tille, Ljouwert, s. 1263. ISBN 907001064X.
  • Ypma, IJsbrand Nicolaas (1953). Friesland Annis Domini. Vereniging Friesland 1940-1945, Dokkum, s. 369.