Harke Iedema
Harke Iedema (Eanjum, 23 april 1940 - Ljouwert, 15 april 2023) [1] [2] wie in Nederlânsk organist, tekener en histoarikus fan Frysk komôf.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iedema waard berne yn Eanjum as soan fan Jan Iedema en Sieuwke Kingma. Hy groeide op as âldste yn in grifformearde húshâlding fan sân bern. Hy ûntfong syn earste oargellessen by de pleatslike oargelist Maaike Steen. Dêrnei ferfolge er syn stúdzje by Arjen van Lunen yn Moarre en Arnold Feddema yn Damwâld. Yn 1959 helle er oan it N.O.V. yn Amsterdam it Diploma Kerkelijk Orgelspel. Yn 1965 sette er syn stúdzje troch oan de muzyk-pabo yn Ljouwert dêr't er les krige fan Piet Post. Hy sluet dy stúdzje yn 1970 ôf mei de ûnderwiisakte A. Inkelde jierren dêrnei krige er ûnderwiisakte B.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iedema waard yn 1955 beneamd ta oargelist fan de grifformearde tsjerke yn syn berteplak Eanjum. Yn 1970 folge syn beneaming ta oargelist fan de herfoarme Sint-Martinustsjerke yn Ferwert. Hjirnei wie er in pear jier dosint en adjunkt-direkteur oan streekmuzykskoalle fan Noardeast-Fryslân dêr't er letter beneamd waard ta direkteur. Foar de muzykútjouwerij J.C. Willemsen brocht er fiif bondeltsjes mei oargelmuzyk út mei dêryn tweintich bewurkingen út it Liedboek voor de Kerken. Foar de rige "Orgelklanken" hat er goed sân koraalbewurkingen skreaun.
Idema wie njonken syn muzikale wurk ek skiedkundige. Sa brocht er yn 1976 syn boek Van Anigheim tot Anjum út, in skiednis fan syn bertedoarp. Letter ferskynden der ek jubileumboeken oer de skiednis fan it kristlik ûnderwiis, de fanfarekorps Halleluja en de fuotbalferiening yn Eanjum. Yn de jierren 90 ferskynde fan him de jeugdroman Willem Taeckes uit Anjum. Yn syn frije tiid wied er benammen dwaande mei tekenjen en skilderjen. Sa makke er in grut tal pintekeningen mei histoaryske gebouwen yn en om Eanjum hinne en makke kalligrafyske teksten.
Yn 2001 waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1976 - Van Anigheim tot Anjum
- 1978 - Anjum in oude ansichtkaarten
- 1991 - 125 jaar Christelijk onderwijs in Anjum
- 1995 - Willem Taeckes uit Anjum
- 1997 - Halleluja 1907-1997
- 1997 - Van knollenveld tot ”Kolkenfjild”
- 2006 - Niemand ontvlucht het slagveld van de dood
Muzykstikken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dit is in kar-út koraalbewurkingen út de searje "Orgelklanken"
- Morgenglans der eeuwigheid
- O grote God die liefde zijt
- Ik heb U lief, o mijn beminde
- Herders, ik boodschap, blij van stem
- God is tegenwoordig
- Aan de deur van ’s harten woning
- Neem, Heer, mijn beide handen
- Mijn Verlosser hangt aan ’t kruis
- Als Hij maar van mij is
- O Jezus, hoe vertrouwd en goed
- Glorie zij aan Jezus
- ’t Is middernacht en in de hof
- Neem mijn leven, laat het Heer
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |