Haren (Noard-Brabân)
| Haren | ||
| It eardere kleaster Bethlehem. | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 740 (2022)[1] | |
| Oerflak | 5,05 km² - lân 5,00 km² - wetter 0,05 km² | |
| Oar | ||
| Koördinaten | 51° 48' N 5° 35' E | |
| Kaart | ||
Haren is in plak yn 'e Noard-Brabânske gemeente Oss.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp Haren wurdt foar it earst yn in dokumint fan 1191 neamd. It doarp leit op in hege lânrêch oan 'e Maas en foarme eartiids mei Megen en Macharen in gemeente. Dy gemeente ûntstie wer út it eardere greefskip Megen. Yn 1994 waard Haren tegearre mei de oare twa plakken yndield by de gemeente Oss.
It gebiet om it doarp hie yn 'e rin fan 'e skiednis altiten in soad lêst fan wetter en winterdeis lei it isolearre om't it lân dan ûnder wetter stie. Dat soarge ek foar earmoede. De bewenners libben fan lânbou en feehâlderij en dêrfan tsjûgje ek de pleatsen dy't der noch jimmeroan binne. Troch it wetter bleaune de útwreidingsmooglikheden foar it plak beheind.
Om 1500 hinne waard yn it doarp in kleaster stifte. Ynearsten wie it net mear as in pleats, dat ferboud waard ta in nonnekleaster mei de namme Huys van Bethleem. It kleaster bleau oant 1965 yn gebrûk.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Sint‑Lambertustsjerke is in grutte neogoatyske tsjerke út de jierren 1867-1868. Yn 'e tsjerke is in oargel út 1776. By de tsjerke stiet in Hillich Hert-monumint.
- De gebouwen fan it eardere kleaster Bethlehem, dat yn 'e 16e iuw troch twa beginen stifte waard. Nei harren ferstjerren waard it in kleaster fan 'e susters Franciskanessen Penitinten.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
