Springe nei ynhâld

Hardangerjøkul

Ut Wikipedy
Hardangerjøkul
gletsjer
De Hardangerjøkul sjoen út Hårteigen, yn it súdwesten.
De Hardangerjøkul sjoen út Hårteigen, yn it súdwesten.
geografy
lân Noarwegen
provinsje Vestland
berchtme Skandinavysk Heechlân
koördinaten 60°32′ N 7°25′″ E
sifers
oerflak 73 km²
heechste punt 1.863 m
leechste punt 1.050 m
tsjûkte 380 m
oar
type berchgletsjer
status ynkrimpend
gletsjertonge morene
lânkaart
Hardangerjøkul (Súd-Noarwegen)
Hardangerjøkul
De lokaasje fan 'e Hardangerjøkul yn Noarwegen

De Hardangerjøkul (Noarsk foar Hardangergletsjer; ornaris werjûn mei in lidwurdlike suffiks as Hardangerjøkulen, wat "De Hardangergletsjer" betsjut) is in gletsjer oan 'e westkant fan it Skandinavysk Heechlân yn súdlik Noarwegen.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hardangerjøkul is in mânske gletsjer oan 'e westlike kant fan it Skandinavysk Heechlân, dy't yn súdlik Noarwegen leit, likernôch 5 km súdlik fan it doarp Finse, ûngefear 16 km noardeastlik fan it doarp Eidfjord en sa'n 20 km westlik fan it doarp Haugastøl. Bestjoerlik heart it gebiet fan 'e gletsjer ta de gemeenten Eidfjord en Ulvik, yn 'e provinsje Vestlandet.

It heechste punt fan 'e Hardangerjøkul.

Yn rang is de Hardangerjøkul de op fiif nei grutste gletsjer op it fêstelân fan Noarwegen (dus de Artktyske arsjipel fan Spitsbergen bûten beskôging litten). De Hardangerjøkul beslacht in oerflak fan 73 km². It heechste punt leit op 1.863 m boppe seenivo, wylst it leechste punt op 1.050 m leit. De tsjûkte fan it iis berikte by ien mjitting 380 m, mar de gletsjer is geandewei de twadde helte fan 'e tweintichste iuw en de earste desennia fan 'e ienentweintichste iuw stadichoan tinner wurden.

Tagonklikens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hardangerjøkul wurdt winterdeis brûkt om op te skyen. De gletsjer is yn dy jiertiid út it noarden wei maklik tagonklik út it doarp Finse. Dat hat in stasjon oan it spoar fan 'e Bergenline.

Filmlokaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hardangerjøkul waard brûkt as filmlokaasje foar de Star Wars-film Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980). De sênes op 'e iisplaneet Hoth waarden foar in grut diel op 'e gletsjer filme, ûnder barre winterske omstannichheden. De bylden fan 'e bestoarming fan 'e basis fan it Rebelleferbûn troch de stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk yn reuseftige AT-AT-rinners waarden lykwols yn 'e studio opnommen mei miniatueren op in set dêr't de snieïge setting neibeard waard mei natriumbikarbonaat (bekender as baking soda of suveringssâlt).

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.