Harcourt (útjouwerij)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Harcourt
Harcourtlogo.jpg
algemien
hist. namme Harcourt, Brace & Howe
Harcourt, Brace & Co.
Harcourt, Brace & World
Harcourt Brace Jovanovich
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
type publyk
sektor útjouwerij
haadkertier San Diego (Kalifornje)
oprjochte 1919
opdoekt 2007
oprjochter Alfred Harcourt,
Donald Brace

Harcourt wie in Amerikaanske útjouwerij dy't fêstige wie yn San Diego, yn 'e steat Kalifornje, mei kantoaren yn New York en Orlando. It bedriuw joech sawol fiksje as non-fiksje út en lei rûnom op in goede namme. Yn 2007, nei ferskate eardere oernames, kaam it wichtichste ûnderdiel fan Harcourt yn 'e hannen Houghton Mifflin, dat him dêrnei omneamde ta Houghton Mifflin Harcourt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Harcourt waard yn 1919 oprjochte troch Alfred Harcourt en Donald Brace, twa freonen dy't mei-inoar yn 'e kunde kommen wiene yn harren stúdzjetiid oan 'e Kolumbia Universiteit yn New York, dêr't se allebeide yn 1904 ôfstudearren. Dêrnei wurken se beide foar Henry Holt and Company foar't se har eigen útjouwerij begûnen, dy't se de namme Harcourt, Brace & Howe joegen. De trêde namme ferwiisde nei mei-oprjochter Will D. Howe, in boekeredakteur dy't it bedriuw lykwols al yn 1921 ferliet, wêrnei't de namme Harcourt, Brace & Co. oannommen waard. De útjouwerij publisearre yn dy iere jierren fral in soad fiksje en poëzij, wêrûnder wurken û.m. Virginia Woolf, T.S. Eliot en George Orwell.

Tsjin 1960 wie it bedriuw de grutste skoalboekútjouwerij fan 'e Feriene Steaten, al wie it dêrby frijwol útslutend rjochte op it middelber en heger ûnderwiis. Dat jiers liet William Jovanovich, dy't sûnt 1954 presidint-direkteur wie, Harcourt, Brace & Co. fúzjearje mei de yn 1905 oprjochte World Book Company, wêrnei't de namme feroare waard yn Harcourt, Brace & World. Nei de fúzje brocht Jovanovich it bedriuw nei de beurs. Yn 1970 waard de namme fan 'e útjouwerij feroare yn Harcourt Brace Jovanovich, mei William Jovanovich as foarsitter fan 'e ried fan bestjoer. Om dyselde tiid hinne wreide it bedriuw syn aktiviteiten út nei saken dy't neat mei it útjaan fan boeken te krijen hiene, lykas fersekerings en it fersoargjen fan sake-advizen. Teffens kocht it ferskate ferdivedaasjeparken oan, wêrûnder yn 1976 it ferneamde dolfinarium SeaWorld, yn Orlando, foar in priis fan $46 miljoen. Yn 1989 waard it park wer ferkocht foar $1,1 miljard. Yn 1974 kocht Harcourt ek de paperback-útjouwerij Pyramid Books oan, dy't omneamd waard ta Jove Books en yn 1979 oerdien waard oan Putnam Berkley.

Yn 1991 waard Harcourt Brace Jovanovich sels foar $1,5 miljard oernommen troch de General Cinema Corporation, in bedriuw dat nettsjinsteande syn namme aktyf wie op alderhanne mêd. Twa jier letter, yn 1993, naam General Cinema de namme Harcourt General oan, wylst it syn útjouwerstûke, it eardere Harcourt Brace Jovanovich, de âlde namme Harcourt, Brace & Co. weromjoech. Nei't Harcourt General yn 1993 syn sinematûke ôfstaat hie en yn 1999 ek syn detailhannelstûke, naam it de namme Harcourt, Inc. oan.

Harcourt, Inc. (Harcourt, Brace & Co. ynbegrepen) waard yn 2001 oernommen troch it Britsk-Nederlânske útjouwersconcern Reed Elsevier. Dêrby waard Harcourt, Brace & Co. opspjalten yn twa ûnderdielen: Harcourt Trade Publishers, in útjouwerij fan fiksje, en Harcourt Education, in útjouwerij fan skoalboeken. De opset fan it bedriuw waard lykwols sa bewurkmastere dat de bân tusken de beide ûnderdielen bewarre bleau, en dat Harcourt Trade Publishers in ûnderdiel waard fan Harcourt Education. Yn 2007 waarden beide ûnderdielen oankocht troch Houghton Mifflin, wylst in lytser ûnderdiel, Harcourt Religion, yn 2009 apart ferkocht waard oan Our Sunday Visitor. Houghton Mifflin raande syn besteande útjouwerij folslein gear mei Harcourt, sadat Harcourt geandewei 2008 ophold te bestean as in apart bedriuw en in aparte ymprint. Lykwols waard de útjouwerij omneamd ta Houghton Mifflin Harcourt, sadat de namme alteast beholden bleau.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources en References, op dizze side.