Springe nei ynhâld

Haps

Ut Wikipedy
Haps
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Noard-Brabân
gemeente Lân fan Cuijk
Sifers
Ynwennertal2.890 (2023)[1]
Oerflak15,27 km²
- lân 15,22 km²
- wetter 0,05 km²
Befolkingsticht.189 ynw./km²
Oar
Koördinaten51° 41' N 5° 51' E
Offisjele webside
www.haps-info.nl
Kaart
Haps (Noard-Brabân)
Haps

Haps is in doarp yn 'e gemeente Lân fan Cuijk yn 'e provinsje Noard-Brabân. Oant de weryndieling fan 1994 wie Haps in selsstannige gemeente. Op it wapen fan it plak stiet de patroanhillige Sint-Nikolaas.

De namme fan it plak is fan Keltyske oarsprong en hat yn 'e foarm appa te krijen mei wetter.

De âldste bewenners setten harren op sânrêgen eastlik fan 'e delling fan 'e Raam, in eardere Maasdelling, nei wenjen. It âldste grêf fan Nederlân oant hjoed-de-dei leit by Haps en is yn 2017 ûntdutsen. It grêf datearret fan 7566-7582 f.Kr. en der binne houtskoal- en bonkeresten fan in kremearre lichem fan in bern fan likernôch 9 jier yn fûn. Dêrnjonken leine der ek pylkpunten en ferbaarnde bonken fan harten en in wylde baarch.

Om 1300 hinne waard Haps in hearlikheid yn it nederamt fan it Lân fan Cuijk. De lienhear wie de hartoch fan Brabân, mar tsjin 'e ein fan 'e 14e iuw kaam it lien oan Gelre. De lokale hearen wennen yn it Hûs fan Haps, in foarnaam hûs omfieme troch in grêft. Nei de Frânske tiid rekke it yn ferfal en tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw wiene der noch mar in pear muorreresten. Hjoed-de-dei binne allinne de fûneminten noch oanwêzich.

Haps hat nea grut west. Yn 1600 telde de hearlikheid 250 ynwenners. De boerebefolking wenne ferspraat en it doarp hie neffens âlde kaarten mar in pear hûzen.

Tusken 1427 oant 1566 hie Haps in kapel, mar om 1570 hinne waard it doarp in selsstannige parochy mei in eigen pastoar. De tsjerke waard yn 1648 troch de protestanten yn gebrûk nommen en de iepenlike útoefening fan 'e katolike misse waard ferbean. Sûnt 1651 tsjerkten de katoliken yn in grinstsjerke op 'e Oeffelter Heide yn 'e hearlikheid Boxmeer, dêr't frijheid fan godstsjinst bestie. Yn 1798 krigen de roomsen harren tsjerke werom, dy't lykwols brekfallich wie en boppedat te lyts want Haps hie doe al 562 ynwenners. De tsjerke waard ôfbrutsen en ferfongen troch in nije tsjerke, maar de toer bleau bestean. Tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw wie dy ek te lyts woarn en dêrom waard de hjoeddeiske tsjerke boud, dy't op 25 augustus 1899 ynwijd waard.

Stasjontsje fan Haps.

Oant de opheffing yn 1944 hie Haps in stasjon oan it "Dútske lyntsje" dat fan Boxtel oant Wesel yn Dútslân rûn. It stasjon waard yn 1990 ôfbrutsen.

Yn 1899 waard it inisjatyf nommen ta it stiftsjen fan in leafdesgesticht, laat troch de Susters fan Leafde fan Schijndel yn in troch Caspar Franssen ûntwurpen gebou oan 'e Beerseweg. Njonken in gasthûs en in ynternaat foar famkes bestie it ek út in legere famkesskoalle. Yn 1931 waard in nij gebou delset, dêr't F. Vervest de arsjitekt fan wie. Yn 1976 ferlieten de susters it kleaster, dat yn 1982 ôfbrutsen waard. Op it frijkommen geibet waarden in sporthal, in bibleteek en in soas foar de âlderein boud.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De neogoatyske Sint-Nikolaastsjerke datearret fan 1899 en is in ryksmonumint.
  • Bûten de beboude kom stiet oan 'e Cuijkseweg de Mariamûne út 1802. It is de âldste wynmûne fan Cuijk en de mûne is bysûnder om't de konstruksje seiskantich is.
  • (2009) Rien van den Brand: Haps en het Land van Cuijk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:nl:Haps]