Hanso Schotanus à Steringa Idzerda

Ut Wikipedy
Hans Henricus Schotanus à Steringa Idzerda

Hanso Henricus Schotanus à Steringa Idzerda (Weidum, 26 septimber 1885 - Waalsdorperflakte by De Haach, 3 novimber 1944) wie in Haachske yngenieur en radio-pionier fan Frysk komôf.

Op 6 novimber 1919 fersoarge hy de earste radio-útstjoering yn Nederlân foar in algemien publyk. Hjirmei wie dizze teffens de earste omropútstjoering yn de wrâld fanwege de foaroankundiging en it geregeld útstjoeren. Hy stjoerde in saneamde radio soirée musicale út fanút syn wenning yn de Beukstraat yn Den Haach. De studio- en stjoerapparatuer wie makke troch syn eigen bedriuwke, de NRI (Nederlandse Radio Industry). De útstjoering begûn mei de mars Turf in je ransel.

Oant 11 septimber 1924 wist hy syn stjoerder mei de ropletters PCGG yn de loft te hâlden. Troch jildkrapte kaam in ein oan dizze pioniertiid.

Wylst naam de Hilfertsomse Nederlânske Seintastellen Fabryk (NSF), mei steun fan Philips, dy't twa stjoermêsten by Huizen beskikber stelde, de publike omroptaak oer. Idzerda boude noch wol in stjoerder foar it KNMI. Yn de Twadde Wrâldoarloch wie hy aktyf mei fersetswurk. Ein 1944 is hy troch de Dútsers deasketten.

Neitins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De gemeente De Haach en Fûns 1818 hawwe yn 2008 in stimulearringsfûns oprjochte en dit nei ir. Idzerda ferneamd. Dat Idzerdafûns stimulearret en stipet jonge radiomakkers troch jild, opnameapparatuer en montaazjefasiliteiten beskikber te stellen.
  • Yn Weidum is de Idzerdaleane nei him ferneamd; dêr stiet ek in momumint ta oantins fan him.

Iuwfeest[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 6 novimber 2019 wie it eksakt 100 jier lyn dat Idzerda syn earste radio-útsjoering fersoarge. De NPO joech dêr wiedweidich omtinken oan troch mei in reportaazjewein markante plakken út de nasjonale radioskiednis te besykjen en it presintearjen fan de Onvergetelijke Luisterlijst. [1] [2] [3] [4]. It Frysk Deiblêd fan 2 novimber 2019 betocht Hanso Idzerda mei in grut artikel.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: