Springe nei ynhâld

Hans Schöchlin

Ut Wikipedy
Hans Schöchlin
sporter
Hans Schöchlin (1928)
Hans Schöchlin (1928)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeHans Wilhelm Schöchlin
nasjonaliteit Switsersk
bertedatum6 maart 1893
berteplakSantiago de Chile flagge fan Sily
stjerdatum3 juny 1978
stjerplakBiel/Bienne
sportive ynformaasje
sportRoeien
O.S.Amsterdam 1928
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1928

Hans Wilhelm Schöchlin (Santiago de Chile Sily, 6 maart 1893 - Biel/Bienne, 3 juny 1978) wie in Switsersk roeier.

De âlden fan Hans Schöchlin ferhuzen yn 1888 nei Súd-Amearika, dêr't harren bern berne waarden. Nei de iere dea fan harren heit kearde de mem mei de bern werom nei Switserlân.

Hy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen mei syn broer Karl en stjoerman Hans Bourquin yn de twa-mei-stjoerman.

Hans studearre arsjitektuer oan de Technyske Universiteit yn Zürich en ferfolge syn stúdzje oan de Technyske Universiteit yn Karlsruhe en München. Nei syn ôfstudearjen yn Karlsruhe wurke er fjouwer jier as arsjitekt. Al yn 1920 waard er oannommen as learaar tekenjen oan de Bau-und Kunstgewerbeschule des Kantonalen Technikums. Yn mear as 12 jier dosearre er ek keunstskiednis, mei de klam op dekorative en tapaste keunsten. Yn 1932 waard er beneamd ta direkteur fan de Kantonalen Technikums. Nei de Twadde Wrâldkriich rjochte er in houtbewurkingsskoalle op as nije ôfdieling en gie yn 1958 mei pensjoen.
Hans Schöchlin ferstoar op 3 juny 1978, yn 'e âldens fan 85 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: