Springe nei ynhâld

Hans Peter Feddersen (skilder)

Ut Wikipedy
Hans Peter Feddersen (skilder)
keunstner
Hans Peter Feddersen yn syn atelier (± 1900)
Hans Peter Feddersen yn syn atelier (± 1900)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Dútsk
berne29 maaie 1848
berteplakStedesand
stoarn13 desimber 1941 (93 jier)
stjerplakKleiseerkoog/Galmsbüll
etnisiteitNoardfrysk
wurkpaad
wurksum askeunstskilder
streamingNaturalisme, ekspresjonisme (foaral)
prizenOarder fan de Reade Earn, 4e Klasse
Goethe-medalje foar Keunst en Wittenskip

Hans Peter Feddersen (Westerschnatebüll/Stedesand, 29 maaie 1848 - Kleiseerkoog, tsjintwurdich Galmsbüll, 13 desimber 1941) wie in Dútske lânskips-, biste- en sjenreskilder.

Hans Peter Feddersen waard berne op 29 maaie 1848 op in Noard-Fryske pleats, as sechsde en jongste bern fan portretskilder Hans Peter Feddersen de Aldere en syn frou Maria, berne Bahnsen. Hy begon syn oplieding yn 1864 by de hûs- en porseleinskilder Heinrich Andreas Sutor (1830–1892) yn it tichteby lizzende Niebüll.

Yn 1866 gie er nei de Keunstakademy fan Düsseldorf en waard in masterstudint fan Oswald Achenbach. Dêr waard er in goefreon fan de Baltyske Dútske skilder Gregor von Bochmann de Aldere, dy't fan 1868 ôf yn Düsseldorf wurke, en syn soan, de byldhouwer Gregor von Bochmann de Jongere, dy't yn 1905 troude mei Feddersen syn âldste dochter Marianne. Fan 1871 ôf studearre hy oan de Grut-Hertochlike Saksyske Keunstakademy yn Weimar ûnder Theodor Hagen, dy't er fan Düsseldorf nei Weimar folge hie. Stúdzjereizen brochten him nei Sylt en de Harz (1870), nei Masurië (1869, 1871–1876), Rügen (1870) en Poalen (1873). Fan april oant juny 1877 hold er ta yn Itaalje.

Fan 1878 ôf festige Feddersen him yn Bad Kreuznach en troude yn 1879 mei Margarethe Hansen (1854–1908), dy't út Kleiseerkoog kaam. Fan 1880 oant 1884 wenne er mei syn húshâlding yn Düsseldorf. Yn dy jierren waarden fjouwer dochters berne, dêr't trije fan jong stoaren. Fan 1885 ôf waard Kleiseerkoog yn Noard-Fryslân syn permaninte ferbliuw, doe't er mei syn frou Margarethe en dochter Marianne (berne 1883) nei in pleats fan 'e famylje fan syn frou ferhuze. Dêr waarden noch fjouwer dochters berne: Gertrud (1887), Ida Charlotte (1889), Christiane en Eva (1890). Yn 1908 ferstoar Margarethe en yn 1909 troude er fannijs mei Sophie Lorenzen (1868–1967) út Christian-Albrechts-Koog.

Feddersen wenne as freelance skilder yn Noard-Fryslân oant syn dea oan 'e ein fan 1941, ûnderbrutsen troch stúdzjereizen nei Hollân (1884), München (1888), it eilân Vilm, Fanø en Rømø (1892, 1899, 1900, 1902), Thüringen (1902, 1904), de Eifel (1903) en it Taunusberchtme (1911, 1912). Kollega-skilders Alexander Eckener, Leopold Graf von Kalckreuth, Otto H. Engel, Franz Hoffmann-Fallersleben en Fedor Encke kamen faak op besite yn Kleiseerkoog.

Yn 1910 waard er beneamd ta heechlearaar, yn 1911 krige er de Oarder fan de Reade Earn, 4e Klasse (Roten Adlerorden IV) en yn 1924 waard him in earedoktoraat takend troch de Fakulteit Filosofy fan 'e Universiteit fan Kiel. Yn 1926 waard er lid fan 'e Prusyske Akademy fan Keunsten en yn 1938 krige er de Goethe-medalje foar Keunst en Wittenskip.

Feddersen wurdt beskôge as ien fan 'e wichtichste lânskipsskilders fan Sleeswyk-Holstein. Portretten en sjenreskilderijen wiene ek ûnderdiel fan syn oeuvre. De musea yn Kiel, Flensburg en Husum litte syn wurken noch altyd sjen yn permaninte tentoanstellingen. Hy begon mei naturalisme en ûntwikkele him fia it ympresjonisme nei syn lettere ekspresjonistyske wurken. In catalogue raisonné gearstald troch Stubbe/Martius neamt 1466 wurken. Syn neef wie de skilder Auguste Margarethe Feddersen.

Hans Peter Feddersen ferstoar op 13 desimber 1941, yn de âldens fan 93 jier yn Kleiseerkoog. It famyljegrêf yn Galmsbüll befette oarspronklik in byldhouwurk makke yn 1909 troch de skoansoan fan Hans Peter Feddersen, Gregor von Bochmann. It byldhouwurk ferdwûn oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: