Springe nei ynhâld

Hanns Martin Schleyer

Ut Wikipedy
Hanns Martin Schleyer
Hanns Martin Schleyer (1973)
Hanns Martin Schleyer (1973)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeHanns Martin Schleyer
nasjonaliteit West-Dútsk
berne1 maaie 1915
berteplakOffenburg
stoarn18 oktober 1977
wurkpaad
berop/amtEkonoom
aktyf asFoarsitter Bundesvereinigung der Deutschen Arbeitgeberverbände
reden
  bekendheid
Fermoarde troch de Rote Armee Fraktion

Hanns Martin Schleyer (Offenburg, 1 maaie 1915 - 18 oktober 1977) wie in Dútsk manager en ekonoom. Hy waard yn 1977 troch de Rote Armee Fraktion ûntfierd en op 18 oktober 1977 fermoarde nei't de kopstikken fan de RAF yn harren sel dea oantroffen waarden.

Nei syn middelbereskoaltiid gie Schleyer studearjen oan de universiteit fan Heidelberch. Hy waard der lid fan it studintekorps Suevia, dêr't er by it skermjen in groede oprûn. Boppedat wie Schleyer fan 1933 oant 1945 lid fan de SS. Schleyer bekritisearre it Corps Suevia yn 1935 om't it joadske âld-leden net út de feriening sette. Dêrop stapte er oer nei de nasjonaalsosjalistyske studintebeweging yn Heidelberch en fan 1941 ôf wie er lieder fan de nasjonaalsosjalistyske studintebeweging yn Praach. Yn syn hoedanichheid fan "Beauftragter des Sicherheitsdienstes (SD) der SS für den Universitätsbereich" wie er belutsen by de ferfolging fan linkse studintelieders. Fan 1943 ôf wie er yn it protektoraat Bohemen en Moravië ferantwurdlik foar de kontrôle oer en plundering fan de yndustry yn it besette lân te'n geunste fan nazy-Dútslân.

Nei syn frijlitting út kriichsfinzenskip waard Schleyer by de denazyfikaasje as meirinner kwalifisearre. Sa net mear hindere troch syn nazyferline boude Schleyer in karriêre op yn West-Dútslân. Fan 1973 ôf wie er foarsitter fan de Dútske wurkjouwersorganisaasje Bundesvereinigung der Deutschen Arbeitgeberverbände.

Op 5 septimber 1977 waard er troch it Kommando Siegfried Hausner ûntfierd. Dizze groep bestie ûnder oare út Peter-Jürgen Boock, Willy Peter Stoll, Sieglinde Hofmann en Stefan Wisniewski. Earst waard Schleyer alve dagen lang op in adres (Zum Renngraben 8) yn in bûtenwyk fan Keulen finzen hâlden. Fan 16 septimber 1977 ôf waard Schleyer inkelde dagen ferburgen hâlden yn in wenning oan de Stevinstraat 266 yn Skeveningen, dêr't de ûntfierders nei in pear dagen daalks ferdwine moasten nei't de plysje it RAF-lid Angelika Speitel trapearre op it hieren fan in auto ûnder in falske namme en der in fjoergefjocht folge, wêrby't Speitel wist te ûntkommen. Speitel warskôge de ûntfierders yn de Stevinstraat dy't Schleyer deselde dei noch oerbrochten nei in steatlik pân yn it Brusselske plak Sint-Pieters-Woluwe. Dêr waard Schleyer fêsthâlden oant Schleyer 62 jier âld úteinlik op 18 oktober fermoarde waard.

Tarieding en koördinaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tarieding en koördinaasje fan de ûntfiering fan Schleyer fûn plak fanút in flat oan de Baden Powellweg 217 yn Amsterdam. Op 30 oktober 1977 die de Amsterdamske plysje ûndersyk yn de wenning. Koart nei't de plysjes ferdwûn wiene, ferskynde RAF-lid Rolf Clemens Wagner yn de wenning. Hy wist lykwols oan de plysje te ûntkommen om't dy de flat noch net permanint observearre. Wagner waard letter feroardiele foar ûnder oaren syn oandiel yn de ûntfiering en moard op Schleyer.

By syn ûntfiering waard Schleyer twongen om mei te wurkjen oan in foar him fernederjende fideo, dêr't er it Dútske regear yn oprôp om him te ruiljen foar alve yn 'e finzenis sittende RAF-leden. Om de easken fan de ûntfierders krêft by te setten waard ek Lufthansa-flecht 181 ("Landshut"), in Boeing 737, kaapt op in flecht fan Majorka nei Frankfurt. De kaping waard útfierd troch Palestinen dy't op dat stuit gearwurken mei leden fan de RAF. De kapers waarden te Mogadisjû troch leden fan de Dútske antiterreureenheid GSG 9 útskeakele. Op 18 oktober 1977 waarden yn de finzenis de stoflik omskotten oantroffen fan de finzen sittende kopstikken fan de RAF (Andreas Baader, Gudrun Ensslin en Jan-Carl Raspe). In fjirde fertochte, Irmgard Möller, waard slim ferwûne oantroffen. Dyselde dei liet it RAF-lid Silke Maier-Witt witte: "Wy hawwe nei 43 dagen it bestean fan Hanns Martin Schleyer beëinige."

De deis nei de dea fan de RAF-kopstikken Baader, Ensslin en Raspe waard Hanns-Martin Schleyer dea oantroffen yn it Frânske Mulhouse. Nei in tip fan de RAF fûnen se op 19 oktober 1977 syn stoflik omskot yn de kofferbak fan in auto.

It nazyerline fan Schleyer waard yn Dútslân pas by de ûntfiering op gruttere skaal bekend. Troch in ARD-dokumintêre út 2002 hat it telefyzjepublyk wiidweidiger kennis nimme kinnen fan wat Schleyer útheeft hie yn de kriich.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL
    • Wikipedy:DE