Hammerfall (roman)
Hammerfall | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | C.J. Cherryh | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 2001, New York | |
oarspr. útjwr. | Eos | |
rige | ||
rige | The Gene Wars | |
● folgjend diel | Forge of Heaven | |
kodearring | ||
ISBN | 0 06 10 52 604 |
Hammerfall is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "It Delkommen fan 'e Hammer". It boek fertelt it ferhaal fan Marak Trin Tain, in ealman en rebellelieder op in nammeleaze woastynplaneet. Hy wurdt folslein ûnder fuotten helle as bliken docht dat er oanhelle is mei in almar faker foarkommende foarm fan sljochtsinnigens dêr't syn folk fan eanget. Hy falt yn 'e hannen fan syn aartsfijân, dy't him in nij doel yn it libben jout: om út te finen wat der yn it ûnbekende easten is dat de sljochtsinnigen dy kant út driuwt. Marak giet op reis en ûntdekt dat syn wrâld mar ien fan withoefolle planeten yn it stjerrestelsel is, en dat alle libben der útrûge driget te wurden as útfloeisel fan 'e achthûndert jier lyn útfochten Gene-oarloggen, dy't draaiden om genetyske manipulaasje en nanotechnology. Hammerfall is it earste diel fan 'e duology The Gene Wars. De roman waard yn 2001 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij HarperCollins Publishers fia de ymprint Eos. In ferfolch, mei as titel Forge of Heaven, ferskynde yn 2004.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In karafaan tsjocht troch de Lakht, in reuseftich plato dat oerdutsen is troch in ûnbidige woastyn. Lykas safolle karafanen is ek dizze ûnderweis nei de hillige stêd Oburan, dêr't de Ila residearret, dy't oer de Lakht hearsket. Mar dizze karafaan bringt gjin hannelswaar nei Oburan ta, mar alle sljochtsinnigen dy't de soldaten fan 'e Ila yn 'e doarpen fan it Westen fine koene. Under harren is ek Marak Trin Tain, de ienlingssoan fan Tain Trin Tain, de hear fan it doarp Kais Tain en lange tiid de hearsker fan it Westen, dy't it tsjin 'e Ila yn 'e kant set hie.
Tsien jier lang hat Marak mei syn heit lieding jûn oan in leger fan 'e abjori: dyselden dy't wegerje de Ila as goadinne te erkennen. Lang om let is it mei de rebûlje op 'e non rûn, net yn it lêste plak om't Marak, de erfgenamt fan syn heit, ien fan 'e sljochtsinnigen bliek te wêzen. Tain hat him dêrop publyklik ûnturven en oan 'e soldaten fan 'e Ila oerdroegen yn ruil foar amnesty foar himsels en de oare abjori. Marak wit net hokker lot him yn Oburan wachtet, mar hy hâldt himsels ûnder de barre tocht geande mei it idee dat er de Ila besykje sil te fermoardzjen, as er yn har oanwêzigens brocht wurde mei.
Yn Oburan oankommen, wurde de sljochtsinnigen út it Westen yndie foar de Ila brocht, yn har paleis, dêr't de doarren fansiden skowe sûnder dat immen dêr wat foar hoecht te dwaan. Sa't er himsels ûnthjitten hie, besiket Marak de Ila om te bringen, mar hja blykt oer magyske krêften te beskikken. Syn wraam op har einiget yn pine en nederlaach as er troffen wurdt troch wat dat er inkeld omskriuwe kin as in wjerljochtslach, ek al binne se op dat stuit binnendoar. Ynstee dat de Ila Marak nei syn oanfal op har terjochtstelle lit, liket se troch syn dwaan gerêststeld te wêzen dat se him goed ynskatten hat.
Se lit de oare sljochtsinnigen fuortstjoere om mei him allinnich te praten, en befreget him yn it dêropfolgjende petear oer syn persoanlike ûnderfinings mei de sljochtsinnigens, dêr't almar mear lju oan lije en dêr't de sûnen benaud foar binne, ek al is der gjin bewiis dat de oandwaning besmetlik is. Marak, dy't nei syn falen gjin reden sjocht om net te fertellen wat de Ila ek fan lykfol hokker oare sljochtsinnige oan 'e weet komme kin (en perfoarst al kommen is), praat frijmoedich oer syn ôfwiking. Dy bestiet út stimmen dy't him yn 'e holle klinke, fizioenen fan in toer dy't foar it meastepart ûnbegryplik binne, en in periodyk kanteljen fan 'e wrâld nei it easten ta, dêr't alle sljochtsinnigen de oanstriid hawwe om hinne te gean.
De Ila wol dat Marak foar har op ferkenning útgiet om út te finen wat der yn it easten is dat de sljochtsinnigen sa oanlûkt. Marak freget as beleanning foar syn meiwurking dat de Ila syn mem Kaptai en syn suster Patya út Kais Tain helje en beskermje sil, mei't dy no allebeide yn gefaar binne. De eare fan 'e grutske Tain Trin Tain is troch de sljochtsinnigens fan syn soan besmodzge, en Kaptai en Patya foarmje in dúdlike bân tusken him en Marak. It soe samar kinne dat Tain besykje sil dy bân troch te snijen troch de beide froulju te fermoardzjen. De Ila seit ta dat se soldaten útstjoere sil om Marak syn mem en suster te finen en nei Oburan te bringen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Mei de oerienkomst tusken him en de Ila besegele, set Marak útein mei it tarieden fan syn reis nei it easten. Dêrfoar kriget er help fan Memnanan, de kaptein fan 'e liifgarde fan 'e Ila, dy't mei de autoriteit fan 'e Ila sprekt. Marak nimt alle sljochtsinnigen mei dy't de Ila nei Oburan bringe litten hat, yn totaal in fjirtichtal minsken. Hy hiert de karafaanmaster Obidhen Anfatu yn en beävensearret tinten en ryddieren, saneamde beshti (inkeltal: besha) en fiktaalje en drinkwetter foar de tocht. De karafaan set ôf troch de woastyn, en ûnderweis komt Marak better yn 'e kunde mei syn selskipslju en mei-sljochtsinnigen, yn 't bysûnder mei Hati, in frijfochten frou út 'e Keran-stamme fan nomaden, dy't him op eigen inisjatyf ta man nimt, en mei Norit, in sêfte doarpelinge út 'e oäze Tarsa, dy't befreone rekke is mei Hati en troch har as mei-frou yn har houlik mei Marak behelle wurdt.
Nei ferskate wiken reizge te hawwen, wurdt de karafaan oerfallen troch in skriklike sânstoarm, wêrby't ien fan 'e tinten ferlern giet en de lju dy't deryn skûlje de dea fine. Ek karafaanmaster Obidhen en syn soannen Landhi en Rom, dy't har út in feilige tinte wei yn 'e stoarm bejouwe om te helpen, komme om. Tofi, de ûnbelearde jongste soan fan Obidhen, wurdt neitiid de nije karafaanmaster. Net folle letter arrivearret de karafaan yn it doarp Pori, dêr't nij wetter en iten ynslein wurdt. Foarby Pori klimme Marak-en-dy oer in smel, troch hierspjeldbochten hinne-en-werjend paad by de Lakht del nei de Anlakht, it ûnbewenber achte lân om 'e heechflakte hinne. Dêr fine se, fier yn it easten, de sulveren toer út 'e fizioenen fan 'e sljochtsinnigen, dy't bewenne wurdt troch Ian en Luz, in man en frou lykas de Ila: mei it stal fan minsken mar de macht fan goaden.
Luz leit Marak út dat de sljochtsinnigen "wêzentsjes" yn it bloed hawwe dy't sa lyts binne dat se mei it bleate each net gewaar te wurden binne. Dy saneamde "makkers" of nanoselen binne skepen troch Ian en Luz en dêrnei yn 'e wrâld ferspraat. It is Luz dy't de sljochtsinnigen nei it easten ta roppen hat troch mei de stimmen yn harren holle tsjin har te praten en harren it gefoel te jaan dat de wrâld nei it easten ta kantelet. Neffens Luz libbet de Ila al achthûndert jier op dizze wrâld, en hat se mei har eigen makkers minske en bist oanpast om te oerlibjen yn 'e ûnherberchsume woastyn. Oaren lykas de Ila (mar net de Ila sels) hiene earder sokke makkers op oare wrâlden loslitten, wêrûnder ien dy't al bewenne waard: de thúswrâld fan it bûtenierdske ras fan 'e ondat. Dyselden begûnen neitiid yn 'e romte foarby de loft in oarloch tsjin 'e meistanners fan 'e Ila en ferdylgen harren. De Ila hat har al dy iuwen op dizze wrâld witten te ferskûljen. Fjirtich jier lyn ûntdieken de ondat lykwols har oanwêzigens hjirre, en sûnt hawwe se plannen makke om har en har skepping te ferneatigjen. Luz har folk hat mei de ondat ûnderhannele en tiid krigen om 'e makkers fan 'e Ila te ferdylgjen mei eigen, mear avansearre makkers. De ondat hawwe tasein dat se net de hiele wrâld ferneatigje sille, mar wol dat diel, te witten: de Lakht, dêr't de Ila en de troch har stifte beskaving fêstige binne. Luz en Ian krigen tritich jier de tiid om harren plan yn 'e praktyk te bringen, en de ûnmacht fan 'e Ila om 'e sljochtsinnigen te genêzen is it bewiis fan 'e effektiviteit fan harren makkers.
De tritich jier binne no lykwols om, en de ondat binne úteinset mei it bombardearjen fan 'e wrâld mei meteoriten, in "rein" dy't in hichtepunt berikke sil mei in reuseftige meteoryt dy't de beskaving op 'e Lakht yn ien klap fuortfeie sil. Luz wit dat de krite om har toer hinne (dy't eins it romteskip is dêr't sy en Ian mei nei it planeetoerflak omleech kommen binne) sparre wurde sil as de hammer fan 'e ondat delkomt. Hoewol't dat eins tsjin 'e geast fan 'e oerienkomst mei de ondat yn giet, wol sy safolle mooglik minsken yn har toer sammelje om se te rêden fan it delkommen fan 'e hammer, ûnder wa, as hja komme wol, sels de Ila sels. Luz freget Marak om werom te reizgjen nei Oburan en safolle mooglik lju dêrwei nei har toer te lieden. Marak, dy't om syn mem en suster yn noed sit en syn ôfspraak mei de Ila neikomme wol, seit ta dat er dwaan sil wat er kin. Mei Tofi, Hati en Norit set er ôf werom nei Oburan, wêrby't er troch Luz mei de stimmen yn syn holle sûnder ophâlden oanfitere wurdt om oan te meitsjen.
Werom by Oburan sjogge Marak en syn selskipslju ta har alteraasje dat de stêd omjûn wurdt troch in reuseftich tintekamp: de oanboazjende rein fan meteoriten hat de befolking fan 'e wrâld sa ûntrêstge, dat alle nomadyske stammen út 'e woastyn en de ynwenners fan alle oäzedoarpen gearkommen binne by de hillige stêd. Marak komt syn ôfspraken mei de Ila nei en rapportearret oan har wat er yn 'e Anlakht beëasten de Lakht oantroffen hat, wa't Luz is en wat se tsjin him sein hat. De Ila jout ta dat se al foar it ferstân hie dat der sa'nent as Luz wêze moast. Hoewol't se Luz as har fijân beskôget, is it har dúdlik dat se net yn Oburan oerlibje kin, mei't dat as de sit fan har macht sûnder mis it wichtichste doelwyt fan 'e ondat wêze moat. Se beslút dêrom yn te gean op it oanbod fan Luz om eltsenien beskûl te bieden dy't har toer op 'e tiid berikke kin. It resultaat sil de grutste karafaan wêze dy't de wrâld ea sjoen hat, want as de Ila fuorttsjocht, giet de hiele befolking mei. Immen moat dy karafaan liede, en de Ila jout dy posysje oan Marak.
Fan it begjin ôf oan beseft Marak dat er nea eltsenien rêde kinne sil yn it bytsje tiid dat er noch hat. Hy beslút dêrom dat de fluggen net troch de stadigen opholden wurde moatte sadat by eintsjebeslút eltsenien omkomt. Foaroan yn 'e marsoarder pleatst er de Keran, de stamme fan syn frou Hati, ûnder lieding fan syn skoanpake Aigyan, yn in eareposysje. Dêrefter pleatst er de Haga, de stamme fan syn mem Kaptai, dy't mei syn suster Patya yndie rêden en beskerme is troch de Ila, sa't se him ûnthjitten hie. Dêrnei komt hysels mei syn beide froulju, de karafaan fan Tofi en de húshâlding fan kaptein Memnanan (dy't er beskûl oanbiedt), folge troch it kamp fan 'e Ila en har tsjinstfolk en soldaten, ûnder lieding fan Memnanan sels. Dêrnei komme de oare nomadyske stammen, dan de doarpen en úteinlik, hielendal efteroan, de stedsjers út Oburan. Yn dy folchoarder tsjocht de grutte karafaan troch de woastyn yn in barre tocht dy't Luz fierstente stadich giet. As oft Marak noch net genôch om hannen hat, soarget syn heit Tain foar bykommende swierrichheden. Om wraak te nimmen foar syn delfal fermoardet er Marak syn mem Kaptai. Marak efterfolget him troch de karafaan nei efteren ta, mar moat lang om let opjaan en weromkeare nei foarren, dêr't er Patya tenei deun by him hâldt. Sa komt de jonge frou oanhâldend yn oanrekking mei Tofi, de jonge karafaanlieder, en sy beide wurde fereale opinoar en trouwe úteinlik mei Marak syn seine.
Marak negearret it oanhâldende oantrúnjen fan Luz om nei it easten te gean, mei't de eastrâne fan 'e Lakht in ûnbeklimbere berchrêch hat mei dêrnei in rotswand rjocht omleech nei de bedelte fan 'e Anlakht. Ek wannear't de bergen einige binne, hâldt er fêst oan syn koers nei it súdeasten ta, om't de karafaan ferlet hat fan nij drinkwetter dat inkeld yn Pori te krijen is. Pori blykt lykwols rekke te wêzen troch ien fan 'e meteoriten: der is neat fan oer. De welle is sûnder minsklike tuskenkomst oerstreamd en hat fan hein en fier it grutte en tige gefaarlike ûngedierte fan 'e Lakht oanlutsen. De karafaan moat it sadwaande sûnder drinkwetter stelle en boppedat in omtrekkende beweging om Pori hinne meitsje om by it plak te kommen dêr't it hierspjeldbochtige paad tagong jout ta de Anlakht. De karafaan berikt dat punt mar kwealk op 'e tiid en de lêste doarpen en hiel Oburan binne noch op 'e Lakht as úteinlings de hammer falt en de wrâld sa't dy oant dan ta bestien hat, einiget. Yn 'e smoute fan 'e râne fan 'e Lakht oerlibje de lju dy't de Anlakht al berikt hiene yn in tintekamp mei djip hammere puonnen. Mar al dyjingen dy't op dat stuit noch op 'e heechflakte binne, komme ûntsjinkearber om.
De "hammer" fan 'e ondat komt del yn see, fier fuort, mar de hiele wrâld wurdt der sterk troch beynfloede. In freeslike stoarm (eins in atmosfearyske skokweach) jaget oer it tintekamp. As de stoarm wat saksearre is, giet Marak derút om kaptein Memnanan te heljen; syn wiif, dy't op alle dagen rûn, leit yn 'e weeën. As er by de tinte fan 'e Ila komt, docht lykwols bliken dat de Ila beskûl jûn hat oan Marak syn heit Tain Trin Tain. Se seit dat se him as har gemaal nommen hat. Tain en fjouwer fan syn trewanten falle Marak oan, mar by de fjochtpartij dy't folget, kiest Memanan de kant fan Marak en sjit Tain syn fjouwer fertroulingen dea. Marak jout syn heit noch ien kâns troch him te hjitten op te sokkebaljen, mar Tain sjocht dat as in teken fan swakte en sil syn soan wer te liif. Dêrop makket Memnanan him dea. Yn it gefjocht is de Ila yn it weak fan 't liif rekke troch in ferdwaalde kûgel. Hja leit op stjerren, mar Marak hâldt syn wûnen tsjin harres oan, sadat Luz har (effektivere) makkers har lichem binnenkringe. Dat rêdt de Ila it libben.
Nei de stoarm begjint it te reinen sa't it noch nea reind hat, en de flechtlingen, dy't no gjin gebrek oan wetter mear hawwe, moatte it tintekamp ferpleatse om't it derûnder driget te strûpen. Oer in perioade fan inkele dagen bejouwe se har nei de toer fan Luz, dêr't alle oerlibbenen beskûl fine yn in mânsk stelsel fan ûndergrûnske romten.
It waar fan 'e wrâld wurdt nea wer itselde. Ynstee fan in woastynklimaat falt der no geregeldwei djippe snie. Jierren en jierren geane foarby ear't de earste minsken har wer bûtendoar weagje. Marak Trin Tain is ien fan dy earsten. Hoewol't Lelie, de foardochter fan syn frou Norit, no beppesizzers hat, hawwe de makkers fan Luz him like jong holden as dat er wie doe't er de grutte karafaan oanfierde. Hy, Hati, Norit, Luz, Ian en guon oaren binne, krekt as de Ila, yn prinsipe ûnstjerlik wurden.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In resinsje yn it fakblêd Publishers Weekly omskreau Hammerfall as in "befredigjende roman" dy't opmakke is út in "mingsel fan prachtich sij it soms wat dreech te folgjen proaza, ynderlik sterk ferdielde helden, wanhopige aksje en moai oansette kulturele details."
Elisabeth Carey, dy't skreau foar de webside fan 'e New England Science Fiction Association (NESFA), woe hawwe dat Hammerfall him lêze lit as in fantasyroman om't alles beskreaun wurdt út it eachweid fan 'e haadpersoan Marak Trin Tain wei, in fertsjintwurdiger fan in net-technologyske kultuer, dy't de technology dy't er tsjinkomt, ynterpretearret as magy. Carey fûn it boek "ynteressant en foar it meastepart hiel oangenaam", mar hie krityk op 'e karakterisearring fan it personaazje Luz, dy't se omskreau as "dreech en obskuer". Guon fan 'e ferkearde beslissings fan Marak kamen neffens Carey fuort út it feit dat Luz net dúdliker mei him kommunisearret. Hja woe hawwe dat Cherryh sadwaande gefaarlike ticht by in "idioateplot" kaam, "in plot wêryn't krúsjale foarfallen net barre soene as foar it meastepart yntelliginte personaazjes har [op dat punt] net as idioaten hâlde en drage soene."
Yn 'e SF Reader skreau Elizabeth Kelley Buzbee dat Hammerfall "fan wrâldklasse" wie en in "botsing tusken kultueren fan hege en lege technology" ferkent. Mar se wie kritysk oer de portrettearring fan 'e beide wichtichste personaazjes, Marak Trin Tain en de Ila, mei't se fûn dat dy beide oerkamen as de perfekte held, resp. smjunt. Hja miste alle ynterne konflikt by dy beide personaazjes: se twifele nea oan 'e geastlike sûnens fan Marak, wylst se de Ila gewoan net goed genôch te bedjipjen fûn om konklúzjes te lûken.
It tydskrift Kirkus Reviews neamde Hammerfall yn in resinsje "tige teloarstellend", om't it boek "gjin [as sadanich] werkenbere plot" hawwe soe en in "fersliten senario" wie dat "net folle mear om 'e hakken hat as it opsetten fan in kommende searje".
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Sources en Further Reading, op dizze side. |