Springe nei ynhâld

Hambuch

Ut Wikipedy
Hambuch
De Sint-Jehannes de Doper-tsjerke yn Hambuch
De Sint-Jehannes de Doper-tsjerke yn Hambuch
Symboal
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkringCochem-Zell
ferbânsgemeenteKaiseresch
Sifers
Ynwennertal732 (31.12.2024)[1]
Oerflak4,81 km²
Befolkingsticht.152 ynw./km²
Hichte400 m
Oar
Postkoade56761
Koördinaten50°13'N 07°04'E
Offisjele webside
hambuch.info
Kaart
Hambuch (Rynlân-Palts)
Hambuch

Hambuch is in plak en gemeente yn 'e lânkring Cochem-Zell yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It doarp heart by it gemeenteferbân Kaiseresch. Hambuch leit yn de East-Eifel, tichteby de autodyk A48.

Hambuch waard foar it earst neamd yn in dokumint út it jier 866. De namme soe ôflaat wêze fan "Hagenbuche" (haachbûk). Lange tiid foel it doarp ûnder it juridysk foech fan it tichtebylizzende kleaster Rosenthal, dat yn de Pommerbach-delling lei.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De katolike parochytsjerke Sint-Jehannes de Doper (St. Johannes der Täufer). Dit is in neogoatysk gebou út 1847-1848, ûntwurpen troch de arsjitekt Johann Claudius von Lassaulx.
  • By it eardere kleaster Rosenthal yn 'e delling fan 'e Pommerbach stiet hjoed-de-dei in kapel. Fan it kleaster sels binne allinnich in pear muorreresten oerbleaun.

Hambuch hat in pjutteboartersplak en in basisskoalle ("Schieferland-Grundschule"), dy't ek troch bern út de omlizzende doarpen besocht wurde. It doarp hat in aktyf ferieningslibben mei in muzykkapel en sportferiening.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: