Haman (bibelsk persoan)
| Haman de Agagyt | ||
| Haman de Agagyt (Rembrandt) | ||
| Persoanlike gegevens | ||
| stjerplak | ophongen (Ester 7:10) yn Sûsan | |
| leeftyd | (net neamd yn de Bibel) | |
| folk | Agagyt | |
| Famylje | ||
| heit | Hammedata | |
| mem | net neamd yn 'e Bibel | |
| partner(s) | net neamd yn 'e Bibel | |
| bern | tsien soannen | |
| Bibelske rol | ||
| titel / funksje | hege funksjonaris | |
| rol | tsjinstanner fan 'e Joaden | |
| perioade | Perzyske tiid (5e iuw f.Kr.) | |
| bekend fan | it komplot tsjin de Joaden; Poerim-ferhaal | |
| neamd yn | Ester 3–9 | |
| religieuze tradysje | joadedom; kristendom | |
Haman, ek bekend as Haman, soan fan Hammedata of Haman de Agagyt, wie neffens it boek Ester yn it Alde Testamint fan 'e Bibel in hege funksjonaris oan it hôf fan kening Ahasfearos (de bibelske namme fan Xerxes I, dy't fan 486 oant 465 f.Kr. regearre).
Bibelsk ferhaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
(Paul Alexander Leroy)
As grutfizier fan 'e foarst hearde elts him te bûgjen foar Haman, dat hie kening Ahasfearos sa foar him beöardene. Mar by de poarte siet altiten de joad Mordekai, dy't wegere him dy eare te bewizen. Dat siet Haman op 't lêst sa heech, dat er net allinne Mordekai mar mei alle joaden ôfrekkenje woe en hy wist kening Ahasfearos oer te heljen om op in troch it lot oan te wizen dei alle joaden fan it hiele ryk te fermoardzjen. It dekreet fan 'e kening om alle joaden út te roegjen rekke yn alle provinsjes bekend en de joaden wie yn djippe rou.
Wat nimmen wist, dat wie dat de frou fan Ahasfearos, keninginne Ester, sels in joadinne wie. Hja wie boppedat ek nochris famylje fan Mordekai. Doe't hja kund krige fan 'e plannen waard hja tige kjel en hja noege fuort de kening mei Haman út om de oare deis by har te iten. De kening frege Ester hokker winsk of fersyk hja hie, mar hja sei dat hja dat wol by it iten dúdlik meitsje soe. Haman wie tige op it skik dat er allinne mei de kening by de keninginne komme mocht te iten, mar it sin waard al gau wer minder doe't Haman by de poarte foar de safolste kear troch Mordekai negere waard, hy sloech de eagen net iens foar Haman op. Haman waard sa lilk, dat er op útstel fan syn frou Seares in peal by syn hûs sette, dêr't se Mordekai oan ophingje koene, sadree't de dei der wie dat de joaden útroege wurde soene.
Kening Ahasfearos koe dy nacht de sliep net krije. Om de nacht troch te kommen liet er him út 'e kroniken foarlêze en dêrby kaam in foarfal oan 'e oarder dat twa poartewachters fan doel west hiene om in oanslach op 'e kening te pleegjen. Dy oanslach wie foarkommen troch't Mordekai, dy't altiten by de poarte siet. Hy hie der weet fan krige en it hôf op 'e tiid warskôge. In beleaning foar dy ynformaasje hie Mordekai lykwols nea krige en dat moast oars.

(Anton Petter)
De kening frege Haman, dy't tafallich doe krekt yn it bûtenhôf oankaam, om ried hoe't immen it bêste eare wurde koe. Poazich dat er wie tocht Haman dat de kening him in grutte geunst ferliene woe en dus pakte er goed út. "Dy man", sei Haman, "moast yn in keninklike mantel op in hynder fan 'e kening mei de keningskroan op troch de stêd fierd wurde. En ien fan 'e heechste ûnderkenings fan it ryk moast foaroprinne, lûd roppend, sadat elts it goed hearre koe: Sa fergiet it de man oan wa't de kening eare jaan wol". Ahasfearos droech dêrnei Haman fuort op om de joad Mordekai op te heljen en him op 'e wize troch de stêd te lieden sa't Haman dat sels beskreaun hie. Nei dy fernedering kaam Haman letter hielendal oerémus thús, dêr't er oan syn frou ferslach die. Mar wylst hy noch oan it oerlizzen wie mei syn frou, waard hy helle om yn it paleis mei de kening by de keninginne te iten.
By it miel en it wyndrinken frege de kening op 'e nij wat er foar syn keninginne dwaan koe en sels al woe hja syn heale keninkryk, hy soe it har jaan. En no pakte Ester út en klage dat der immen wie dy har en har hiele folk útroegje woe. Noch hiene de kening en Haman neat yn 'e rekken en ferheard frege Ahasfearos wa't soks woe, mar doe't hja Haman oanwiisde as de persoan dy't har en har folk útmoardzje woe, rekke de kening bûten sinnen fan likens en rûn de tún yn. Haman, dy't no wist dat ek de keninginne in joadinne wie, foel by Ester foar de fuotten en frege om begrutsjen. Mar sa makke Haman it noch slimmer, want doe't de kening werom kaam tocht dy dat Haman Ester wat oandwaan woe. De kening liet him fuort ôffiere en doe't Ahasfearos fan Charbona, ien fan syn tsjinders, hearde dat Haman by syn hûs al de peal delset hie om Mordekai oan op te hingjen, joech er opdracht om dêr Haman sels op te hingjen. Wat letter folgen ek syn soannen de reis nei de galge en al it besit fan Haman waard oan Ester fermakke.
Poerim
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
As de joaden it Poerimfeest fiere, it feest dat it joadedom betinkt dat it folk yn ballingskip yn it Perzyske Ryk fan in wisse ûndergong rêden waard, wurdt yn 'e synagogen út it bibelboek Ester foarlêzen. Alle kearen as de namme Haman lêzen wurdt, begjinne de oanwêzigen in stik leven te meitsjen, sadat de namme net heart wurdt. Bern brûke dêrby de saneamde "Hamanrattel". Op it feest ite joaden saneamde "Hamansearen", tinne reepkes daai dy't yn 'e frituer bakt wurde.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
