Halsbânparkyt
Halsbânparkyt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Psittacula krameri | ||||||||||||
Scopoli, 1769 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De halsbânparkyt (Psittacula krameri) is in pappegaaieftige fan it skaai ealparkiten út tropysk Afrika en Súd-Aazje. It is ien fan 'e pappegaaiesoarten dy't him mei in soad sukses oanpast oan feroarjende omstannichheden en ferstedsking. Se kinne yn ferskillende klimaten bûten it oarspronklike ferspriedingsgebiet libje en witte harren ek by winterske omstannichheden yn it noarden fan Europa te rêden.
Yn Europa is de fûgel populêr yn 'e avikultuer en yn 'e rin fan 'e tiid binne guon ûntsnapt of frijlitten. Sûnt ha de fûgels har yn in grut diel fan West-Europa útwreide en populaasjes yn in soad stêden foarme.
De soarte stiet op 'e list fan 'e minst bedrige soarten fan 'e IUCN.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De halsbânparkyt is in griene, 40 oant 42 sm lange fûgel mei in lange, puntige sturt en in reade snaffel. Mantsjes ûnderskiede harren mei in bân, dy't by de nekke rôze is en by de kiel swart. De middelste sturtfearren binne blaueftich. By it wyfke is dy bân net dúdlik. Juvenilen binne gieler en ha in ûndúdlike of gjin bân.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel leit yn leafbosken en tropysk bosk, mar ek yn parken en kultivearre gebieten by doarpen en stêden. Se mije de bergen, woastyn, sompen en tichte bosken. Se wurde fakentiden yn groepen fan 10 oant 15 fûgels waarnommen, mar de oantallen rinne op sliepplakken bûten it briedseizoen op ta hûnderten of sels tûzenen.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat fjouwer ûndersoarten:
- P. k. krameri: fan súdlik Mauritaanje en Senegal oan't súdlik Sûdan en westlik Uganda.
- P. k. parvirostris: fan eastlik Sûdan oant noardwestlik Somaalje.
- P. k. borealis: fan noardwestlik Pakistan oant súdeastlik Sina en sintraal Birma.
- P. k. manillensis: súdlik Yndia en Sry Lanka.
De twa Aziatyske ûndersoarten binne wat grutter as de twa Afrikaanske ûndersoarten.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgels binne foar it measte monogaam, binne honkfêst en begjinne yn it tredde jier mei it brieden. Lykas by alle parkiten bouwe se harren nêst yn holtes fan beammen. Yn Yndia binne dat ek holtes yn muorren. Se briede allinne of yn lytse groepen oant acht pearkes yn ien beam. It territoarium is net folle grutter as de tagong fan it nêst en se kinnen inoar helpe om fijannen te ferjeien.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wylde halsbânparkiten ite knoppen, nektar, grienten, sied, nôt, beien, fruit, blommen en ynsekten. Se fleane yn grutte groepen nei lânbougrûn en hôven om dêr te iten en skea te feroarsaakjen. Yn Belgje, Grut-Brittanje en Dútslân is fêststeld dat se fan alles ite, mar benammen blommen en fruchten. Fierder binne se sljocht op pinda's. Yn 'e minder waarme gebieten lykas Europa bliuwt de fersprieding ta stêden beheind om't se winterdeis bûten stêden net genôch iten fine kinne. Wylde en ferwyldere parkiten bringe ek gauris in besite oan tunen om dêr wat út de foerbakken fan fûgels te heljen.
Yn it oarspronklike ferspriedingsgebiet wurdt de fûgel as in pleach ûnderfûn. Se fergrieme boppedat in soad fan it iten want nimme út healryp fruit mar in pear happen en fleane dan nei de folgjende frucht om der fan te iten. De produksje fan sinneblommen en mais ha dêr somtiden slim te lijen fan 'e parkiten.
Wat Nederlân oanbelanget bliuwt it probleem beheind ta it iepenfretten fan 'e knoppen en it jonge bloeisel fan kastanjebeammen.
Eksoat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De oarspronklike leefgebieten lizze yn Yndia en Afrika noardlik fan 'e evenaar. Neffens de oerlevering brocht Onesikritos, in stjoerman op 'e float fan Aleksander de Grutte, as earste in libbene halsbânparkyt mei, de earste pappegaaieftige yn Europa. Syn populêriteit as koaifûgel oer de hiele wrâld hat der foar soarge dat ûtsnapte of loslitten fûgels op ferskillende plakken ta ferwyldere populaasjes late. Sûnt healwei de jierren 1960 binne der ek ferwyldere halsbânparkiten yn Nederlân. Mei't de fûgels ek oanpast binne oan it libjen yn 'e útrinners fan 'e Himalaya, witte de fûgels harren ek wol yn Europeeske winters te rêden.
Yn Europa binne de grutste populaasjes fan 'e fûgels yn Belgje (Brussel), Dútslân (fral de stêden oan 'e Ryn en Düsseldorf), it Feriene Keninkryk en Nederlân te finen. De fûgel komt ek yn Frankryk (Parys), Portegal en Spanje en Itaalje (Rome) foar. Yn 2015 waard by i n telling yn Europa 85.220 fûgels telt yn 10 lannen. Nederlân hie nei it Feriene Keninkryk mei 20.000 fûgels de op ien nei grutste populaasje yn Europa. Yn 2022 waard it oantal fûgels yn Nederlân troch Sovon op 22.000 rûsd en dat is in ferdûbeling yn tsien jier tiid. De soarte komt yn Nederlân fral foar yn 'e grutte plakken fan 'e Rânestêd en it Griene Hert, mar wreidet him de lêste jierren fral út bûten dat gebiet. De fûgel briedt ek yn Seelân, Noard-Brabân en de kop fan Noard-Hollân.
Yn Fryslân binne yn 2024 yn 'e Ljouwerter wyk Nijlân 3 eksimplaren fan 'e halsbânparkyt waarnommen.[1]
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is net bekend hoe grut de wrâldpopulaasje fan 'e soarte is, mar yn it oarspronklike ferspriedingsgebiet is de fûgel hast oeral algemien of talryk. Alhoewol't de fûgel oarspronklik yn in boskbiotoop libbet en yn syn oarspronklike ferspriedingsgebiet hast 20% fan it natuerlike bosk ferdwûn, foarmje de gebieten dy't de bosken ferfange noch jimmeroan in geskikt biotoop foar de fûgel. Halsbânparkiten passe harren maklik oan yn in kultuerlânskip. Der wurdt dêrfandinne fanút gien dat de populaasje tanimt.
Avikultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Halsbânparkiten ha in lange skiednis yn 'e avikultuer. De âlde Griken holden de Yndiaaske ûndersoarte P. k. manillensis al as hûsdier en de âlde Romeinen hiene de Afrikaanske ûndersoarte P. k. krameri. Tsjintwurdich binne der allegear kleurmutaasjes te krijen fan 'e halsbânparkyt. Yn 'e avikultuer is bygelyks in blauwe kleurmutaasje populêr. Sokke fûgels ha yn stee fan griene fearren ljochtblauwe fearren. Sa binne ek giele, wite of oare kleurmutaasjes te krijen.
Mantsjes en wyfkes ha it fermogen om minsken nei te praten. De fûgel harket earst nei syn omjouwing en docht dêrnei de stim fan 'e minsklike sprekker nei. Guon minsken bringe foar dat doel de parkiten mei de hân grut. Sokke parkiten wurde tige nuet en pakke gau wat op. Se ha in tige dúdlike spraak en hearre ta de bêst pratende pappegaaien.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen en referinsjes ek op en:Rose-ringed parakeet
|
- Ealparkyt
- Fûgelsoarte
- Húsdier
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Eksoat yn Austraalje
- Eksoat yn Bachrein
- Eksoat yn Belgje
- Eksoat yn Birma
- Eksoat yn Brazylje
- Eksoat yn Dútslân
- Eksoat yn Egypte
- Eksoat yn Fenezuëla
- Eksoat yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Eksoat yn de Feriene Steaten
- Eksoat yn Frankryk
- Eksoat yn Fryslân
- Eksoat yn Grikelân
- Eksoat yn Hawaï
- Eksoat yn Yndia
- Eksoat yn Taiwan
- Eksoat yn Singapoer
- Eksoat yn Ingelân
- Eksoat yn Irak
- Eksoat yn Iran
- Eksoat yn Israel
- Eksoat yn Itaalje
- Eksoat yn Japan
- Eksoat yn Jemen
- Eksoat yn Jordaanje
- Eksoat yn Katar
- Eksoat yn Koeweit
- Eksoat yn Kurasau
- Eksoat yn Libanon
- Eksoat yn Lybje
- Eksoat yn Nederlân
- Eksoat yn Nij-Seelân
- Eksoat yn Oman
- Eksoat yn Palestina
- Eksoat yn Portegal
- Eksoat yn Saûdy-Araabje
- Eksoat yn Sina
- Eksoat yn Syrje
- Eksoat yn Skotlân
- Eksoat yn Spanje
- Eksoat yn Súd-Afrika
- Eksoat yn Tuneezje
- Eksoat yn Turkije