Springe nei ynhâld

Halmahera

Ut Wikipedy
Halmahera
geografy
ûnderdiel fanMolukken
provinsje Noard-Molukken
koördinaten1°10'S 129°50'E
algemien
haadstêdSofifi
belangrike plakkenTobelo
ynwennertal667.161 (2024)[1]
sifers
oerflak17.780 km²[2]
heechste puntGamkonora:
kaart
Halmahera (Yndoneezje)
Halmahera
Lokaasje Kofiau yn Yndoneezje.

Halmahera (ek wol as Jailolo of Gilolo) is it grutste eilân fan 'e Molukken yn Yndoneezje. Halmera leit yn 'e provinsje Maluku Utara (Noard-Molukken).

De fulkaan Dukono.

It eilân hat in ûnregelmjittige foarm mei in soad baaien en ynhammen. Halmahera is tige bercheftich en fulkanysk. Der binne ferskate aktive fulkanen, lykas Dukono en Gamalama (op it tichteby lizzende eilân Ternate).

In grut part fan it eilân is mei tropysk reinwâld oerdutsen. Sofifi, de haadstêd fan 'e Yndoneezyske provinsje Noard-Molukken leit op it eilân.

Tropyske reinwâlden op Halmahera.

Yn 'e koloniale tiid wie Halmahera ûnder ynfloed fan it Sultanaat fan Ternate en Tidore, dat in grutte rol spile yn 'e krûdnagelhannel. Letter waard it gebiet kolonisearre troch de Portugezen, Spanjerts en lang om let de Nederlanners. Nei de Yndonezyske ûnôfhinklikens waard Halmahera ûnderdiel fan 'e Republyk Yndoneezje.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch wie by Kao in Japanske marinebasis.

Yn 1999 en 2000 wie it eilân it toaniel fan etnysk geweld en transmigraasje tusken ynwenners fan it meast kristlike distrikt Kao en it folslein islamityske distrikt Malifut. It konflikt krige dêrnei in jihadistyske lading doe't it geweld him fersprate oer in grut part fan 'e Noard-Molukken, it saneamde sektaryske konflikt op 'e Molukken. Tûzenen minsken op it eilân kamen om it libben yn 'e striid tusken de milysjes. Yn juny 2000 kamen likernôch fiifhûndert minsken om it libben doe't in oersetboat mei flechtlingen fan Halmahera foar de noardeastlike kust fan Selebes sonk. Oer dy tragedy besteane in soad komplotteoryen. Yn it doarp Duma yn it distrikt Noard-Halmahera stiet in monumint ta neitins fan 'e slachtoffers.

Halmahera hat in grut ferskaat oan etnyske groepen lykas de Tobelo, Galela, Ternate, en Tidore. Der wurde ferskate lokale talen praat, mar it Yndonezysk is de offisjele taal. De religy fan 'e ynwenners fan it eilân wjerspegelet it religieuze ferskaat yn 'e Molukken. In part fan 'e befolking is kristlik (benammen protestantsk), oaren binne moslim.

Op Halmahera is in tanimmende ekonomyske aktiviteit yn 'e mynbou, ûnder oaren foar de winning fan nikkel (wichtich foar de batterijproduksje). Oer de gefolgen lykas de fersmoarging en it kappen fan wâlden binne der soargen fan 'e miljeu-organisaasjes. Fanwegen de natuer en de fûgels ûntstie der ek eko-toerisme. Der is in grut ferskaat oan endemyske ynsekten, reptilen en planten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: