Halmaheara-iisfûgel
Halmaheara-iisfûgel | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Todiramphus funebris | ||||||||||||
Bonaparte, 1850 | ||||||||||||
IUCN-status: ![]() | ||||||||||||
De Halmaheara-iisfûgel (Todiramphus funebris) is in fûgelsoarte út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De fûgel waard yn 1850 troch Karel Lucien Bonaparte wittenskiplik beskreaun. Halmaheara-iisfûgels binne endemysk op 'e noardelike Molukken, in eilannegroep yn it easten fan 'e Yndyske Oseaan tusken Selebes, de Filipinen, Nij-Guineä en Timor. De fûgelsoarte is monotypysk, itjinge bestsjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte wurdt 28 sm lang en hat in foarse swarte snaffel. De kroan en de each- en earstreek binne hast swart mei dêrtusken in wite streek, dy't fan 'e snaffel oant yn 'e hals trochrint. De kraach, it boarst en de búk binne wyt. De rêch en de wjukken en sturt binne by it mantsje glânzgjend oliifgrien en by it wyfke mear oliifbrún.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel libbet allinne op it eilân Halmaheara. It is in stânfûgel yn tropyske bosken mei in sletten blêdedak. Se wurde ek waarnommen oan 'e rânen fan bosken mei iepen plakken. Ek komme se foar yn degradearre bosk en kultuerlân, as der mar genôch hege beammen steane. It is in fûgel fan it leechlân oant maksimaal 620 m boppe seenivo.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in beheind ferspriedingsgebiet en dêrfandinne bestiet der in kâns op útstjerren. De grutte fan 'e populaasje waard yn 2021 troch BirdLife International op 10.000 oant 25.000 fûgels rûsd. It leefgebiet fan 'e fûgel wurdt oantaast troch houtkap en feroarjend lângebrûk, mynbou, it oanlizzen fan ynfrastruktuer en de útwreidingen fan delsettings as gefolch fan 'e (transmigrasi). Dochs wurdt de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|