Springe nei ynhâld

Hallichfrysk

Ut Wikipedy
De noardfryske dialekten

Hallichfrysk is in Noardfrysk dialekt fan de Halligen yn Noardfryslân. It dialekt wurdt tige mei útstjerren bedrige.[1] Yn 1977 ferskynde it wurdboek Dútsk-Hallichfrysk mei 6000 wurden. It dialekt is nau besibbe oan it Suder-Goeshiirder, dat yn 1980 útstoarn is.

Yn 1972 waard it Noardfrysk fan de Halligen troch 40 minsken praat.[2]. Neffens in YouTube filmke fan ferskate jonge ûndersikers soenen der yn 2003 noch trije minsken wêze dy't it Hallichfrysk prate kinne.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. schleswig-holstein.de Die Friesen und ihr Friesisch
  2. Jens Lorenzen: Halligfriesisches Lesebuch, side 147-151
  3. Friesisch auf Hallig Oland 2003